Belgyske mortier 21 sm M 1894
Belgyske mortier 21 sm M 1894 waard ôflaat fan in mortier mei lutsen loop ûntwurpen as fêstinggeskut yn 1880 mei in kaliber fan 10 sm. Fan dat stik geskut waarden neitiid de stikken mei kaliber 15 sm, 21 sm en 24 sm ôflaat. Al dy mortieren hawwe in hast gelikens uterlik. It ûntwerp wie fan Krupp dy't ferskate Europeeske lannen bewapende foar en ûnder de Earste Wrâldoarloch.
De 21 sm M 1880 wie in swiere mortier, in efterlader, dy't ûntwurpen wie foar yndirekt fjoer ûnder in grutte hoeke foar belegearingsoperaasjes. Hy koe brûkt wurde om ferskate soarten fersterkingen oan te fallen of te ferdigenjen.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de twadde helte fan de jierren 1800 feroaren ferskate militêre konflikten it machtsevenwicht yn Europa en ûntstie in wapenwedrin dy't late ta de Earste Wrâldoarloch. In bedriuw dat profitearre fan dy wapenwedrin wie de Friedrich Krupp AG út Essen Dútslân en ferskate Europeeske lannen waarden bewapene mei Krupp-artillery. Guon klanten lykas België, Italië, Roemenië en Ruslân ymportearren en bouden Krupp ûntwerpen ûnder lisinsje, wylst oaren lykas it Ottomaanske Ryk en Bulgarije mei in tekoart oan yndustriële kapasiteit Kruppwapens ymportearren. [1]
De buskrûdgranaat 21 sm mei in eksplosive lading fan buskrûd en nei 1885, de brisantgranaat dy't tsienkear krêftiger wie.
Technyske feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaliber | Elevaasje | Rjochting |
---|---|---|
210 mm | +15° +60° | 120° |
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
A 21 sm mortier mei munysje.
-
Opslach fan mortiergranaten yn in Belgyske munysjefabryk, ein 19e iuw
-
Servyske soldaten mei in ferôvere Ottomaanske 21 sm mortier ûnder de Earste Balkanoarloch.
-
Ottomaanske militêren lade in 21 sm mortier yn de Earste Wrâldoarloch.
-
In Switserke 15 sm mortier yn it Standort Musée Militaire Vaudois, Switserlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|