Springe nei ynhâld

Belgysk wytblau

Ut Wikipedy
Belgysk wytblau
koweras
Belgysk wytblauwe ko mei in groede fan in keizerssneed.
Belgysk wytblauwe ko mei in groede fan in keizerssneed.
Algemiene ynformaasje
oarspronglânflagge fan Belgje Belgje
gebrûkfleis of dûbel doel
Uterlik
skofthichtebolle: 1,47 m
ko: 1,34 m
gewichtbolle:1200 kg
ko: 750 kg
kleur(en)wyt, wytblau, swart
hoarnskoart
Karakter en eigenskippen
temperamintrêstich
Fokkerij
stamboekBBI en 15 oare stamboeken
Oare ynformaasje
ferspriedingoer de iele wrâld

It Belgysk wytblau is in koweras dat yn Belgje ûntstien is. De oarsprong fan it ras leit yn 'e 19e iuw en is it resultaat fan krusing tusken lokale Belgyske kij en ymportearre Shorthorns (ek wol Durhams neamd). Oarspronklik wie it ras ornearre as in dûbeld doelras foar sawol molke- as fleisproduksje.

Yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw hat troch yntinsive fokkerij in sterke spesjalisaasje rjochting fleisproduksje plakfûn. Dêrtroch is it hjoeddeiske Belgysk wytblau fral in fleisras woarn. Fanwegen de tige ûntwikkele bespiering, benammen yn 'e efterein, wurdt it ras yn it deistich spraakgebrûk ek wol oantsjut as dikbil.

Uterlik en eigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Belgysk Wytblau fan it dûbeldoeltype.

It Belgysk wytblau wurdt karakterisearre troch in útsûnderlik sterke spierûntwikkeling, ek wol dûbele bespiering neamd. Dy eigenskip wurdt feroarsake troch in mutaasje yn it myostatine-gen, dat normaal sjoen de groei fan spierweefsel remt. Troch de fermindere funksje fan dat gen ûntstiet in grutter tal spierrizels as by de measte oare kowerassen.

Troch de sterke bespiering hat it ras in hege karkasopbringst en in effisjinte foeromsetting nei spiermassa. It fetgehalte fan it fleis is relatyf leech. De bisten binne meast blaugrizich fan kleur, mar ek wite of swarte eksimplaren komme foar. In ferlykbere foarm fan dûbele bespiering komt ek foar by it Italjaanske Piëmonteeske koweras.

It fleis fan it Belgysk wytblau wurdt omskreaun as meager en sêft. Troch it lege fetgehalte wurdt it as dieetfreonlik beskôge, al wurdt yn guon stúdzjes oanjûn dat dit ek ynfloed hawwe kin op smaak en struktuer yn ferlikening mei fleis fan rassen mei mear yntramuskulêr fet.

Kontroverse en wolwêzen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ras is ûnderwerp fan diskusje fanwegen wolwêzensproblemen. By rassuvere Belgysk wytblau-kij is it kealjen faak problematysk. Neffens Belgyske ûndersiken moat by in grut part fan 'e kij, benammen by it earste kealjen, in keizersneed tapast wurde. Dit wurdt taskreaun oan 'e kombinaasje fan in relatyf smelle bekkeniepening by de kij en it grutte gewicht fan 'e keallen.

De mooglikheid om keizersneden systematysk ta te passen ûntstie nei de Twadde Wrâldkriich, ûnder oare troch ferbettere feterinêre techniken en it beskikber kommen fan antibiotika, itjinge fierdere seleksje op ekstreme bespiering mooglik makke.

Dêrnjonken is yn wittenskiplik ûndersyk fêststeld dat guon ynterne organen, lykas de lever en longen, by Belgysk wytblau relatyf lytser binne as by mear tradisjonele rassen. Guon ûndersikers stelle dat soks gjin gefolgen hoecht te hawwen, wylst oaren wize op mooglik ferhege fetberens foar bygelyks luchtwei-ynfeksjes. Oare neamde sûnensproblemen binne stive poaten, swierrichheden by de berte en yn guon gefallen fergrutte tongen, wat it drinken en iten bemuoilikje kin.

Wetjouwing en gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanwegen soargen oer it wolwêzen fan de bisten is de fok mei Belgysk wytblau yn guon lannen, lykas Sweden en Switserlân, ferbean of strang beheind. Yn oare lannen, ûnder oaren Frankryk en Dútslân, jilde regeljouwing en beheiningen om de gefolgen foar it dierwolwêzen te beheinen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Belgysk wytblau fan Wikimedia Commons.