Beatrijs Ritsema
Beatrijs Ritsema | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 febrewaris 1954 | |
berteplak | Tunis | |
stoarn | 16 maart 2023 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
bekendste wurk(en) |
etiketterubryk yn Trouw | |
offisjele webside | ||
DBNL-profyl |
Beatriis Sibylle Maria Ritsema (Tunis, 13 febrewaris 1954 - Amsterdam, 16 maart 2023) wie in Nederlânsk kollumniste en sosjaal psychologe.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ritsema har heit wie in geolooch yn tsjinst fan Shell. [1] Se wenne letter ek yn Kolombia, Nederlân en Walloanië. Doe 't har âlden nei Turkije ferhuzen, bleau sy yn Nederlân achter op in kostskoalle yn Noard-Brabân. Ritsema studearre psychology oan de Universiteit Leien. Har earste literêre wurk ferskynde yn de iere jierren '80 yn it Amsterdamske studintewykblêd Propria Cures (1981-1983) [2] Fan 1983 ôf wurke se as freelancesjoernaliste foar NRC Handelsblad, HP/De Tijd, Vrij Nederland en Trouw. Tusken 1985 en 1990 wie se einredaktrise fan de boekebylage fan Vrij Nederland.
Se wie kollumnist oer hjoeddeiske etikette, ûnder oare yn HP/De Tijd en it deiblêd Trouw. Oer dat ûnderwerp hie se sûnt septimber 2002 alle wiken in fragerubryk yn Trouw. Se krige it idee foar dizze kollumnrige yn de perioade dat se yn Washington D.C. (1990-1995) wenne. Dêr kaam se yn de kunde mei etiquetterubryk Miss Manners dêr't Judith Martin de Amerikaanske manieren yn kaart brocht.
Yn 2022 waard der longkanker by Ritsema konstatearre, en op 16 maart 2023 ferstoar se oan de gefolgen fan dy sykte. Se bleau oant flak foar har dea har kollums foar Trouw skriuwen. [3]
Se wie troud mei NRC-kommentator Maarten Huygen mei wa t se trije bern hat.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1985 - Kijk uit, achter je! - skôgingen (ISBN 9035102606)
- 1988 - Fata morgana's (ISBN 9035106431)
- 1993 - Het belegerde ego - essaybondel (ISBN 9053331859)
- 1996 - Over de braafheid van vrouwen en ander cultureel ongerief (ISBN 9053334521)
- 2002 - Als ze maar gelukkig zijn. Over kinderen, opvoeding en onderwijs (ISBN 9044601024)
- 2004 - Moderne manieren. Wegwijzers in het menselijk verkeer (ISBN 9035127420)
- 2005 - Ter harte. Een leidraad voor de liefde (ISBN 9035129350)
- 2010 - Het Grote Etiquetteboek (ISBN 9789029086707)
- 2020 - Moderne etiquette (ISBN 9789029093613)
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|