Beargers
beargers | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Xerophyllum tenax | ||||||||||||
(Pursh) Nuttall, 1818 | ||||||||||||
Beargers (Xerophyllum tenax) is in gerseftige mar duorjende plantesoarte yn de famylje Melanthiaceae yn it skift fan de Leeljeëftigen (Liliales). It wurdt fan 15 sm. oant 150 sm. heech. De blêden, dy't yn in groepke fan de grûn ôf om de lytse stâle groeie, kinne 30 sm. oant 100 sm. lang wurde en binne 2 sm. oant 6 sm. breed. De blom foarmet in wite knop op in eigen hege stâle.
Beargers waakst yn it westen fan Noard-Amearika, fral yn heger lizzende gebieten. De blêden fan de plant binne tige stevich. De plant waard dêrom troch Yndianen brûkt foar it meitsjen fan kuorren. De woartelstôk fan de plant kin oerlibje at de plant delbaarnt. Nei't it fjoer alle oare planten en âld hout ferbaarnd hat is dêrom it Beargêrs faak de earste plant dy't wer opkomt.