Springe nei ynhâld

Baukje Zijlstra

Ut Wikipedy
Baukje Zijlstra
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBaukje Zijlstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne16 april 1967
berteplakDokkum
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenreferhalen, roman
perioade21e iuw
prizenRely Jorritsmapriis, Douwe Tammingapriis
offisjele webside
Hiemside fan Baukje Zijlstra

Baukje Zijlstra (Dokkum, 16 april 1967) is in Fryske skriuwster, redaktrise en oersetster út Frjentsjer. Mei har ferhalen wûn Zijlstra trije kear de Rely Jorritsmapriis. Yn 2019 wûn se de Douwe Tammingapriis foar it bêste Frysktalige proazadebút foar har debútroman De koma-korrektor.[1]

Baukje Zijlstra studearre oan de Akademy foar de Sjoernalistyk, PABO Mariënburg yn Ljouwert, Nederlânsk oan de RUG, Kultuerwittenskippen oan de OU en oan de toanielakademy yn Brussel. Neidat se yn 1994 in jier dosint Nederlânsk west hie yn Brussel wurke se as korrektor by de Ljouwerter Krante, letter waard se redakteur by oare bedriuwen lykas Terra Lannoo.

Se begûn al jong mei skriuwen. Sa waard op har achtste al in gedicht fan har publisearre op de berneside fan it Frysk Deiblêd. Yn 2013 ferskynde har earste ferhaal yn Ensafh. Har Nederlânske ferhalen binne publisearre yn De Revisor.

It literêre programma Grinsgongers dat se dwaan soe mei Sytse Jansma koe yn 2021 net trochgean troch de koronamaatregels.[2]

Ferhalebondels (mei oaren)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Gouden tijden, zwarte bladzijden (Sporen) (2013)
  • It grutte foarlêsboek (Hjerstkat) (2013)

Prizen (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Baukje Zijlstra krijgt D.A. Tammingapriis voor roman De Koma-Korrektor, Ljouwerter Krante, 31 maaie 2019
  2. Grinsgongers: literair programma van Baukje Zijlstra en Sytse Jansma, Afûk.nl
  3. frieseliteratuur.nl