Batumi
| Batumi | |
|---|---|
| Flagge | Wapen |
| Polityk | |
| Lân | |
| Steat | |
| Gemeente | Batumi |
| Sifers | |
| Ynwennertal | 246.267 (2026) |
| Oerflak | 82,3 km² (ynkl. wetter) |
| Befolkingstichtens | 2.992 / km² (2026) |
| Hichte | 2-3 m |
| Oar | |
| Stifting | 8e iuw f.Kr.; stêd 1878 |
| Tiidsône | UTC+4 |
| Webside | Offisjeel webstee |

Batumi (Georgysk: ბათუმი) is in havenstêd oan 'e Swarte See yn súdwestlik Georgje. It is de haadstêd fan de Autonome Republyk Adzjaarje, dy't yn it súdwesten fan Georgje leit. De 246.267 ynwenners fertsjinje harren jild benammen yn de oalje-yndustry, skipsbou, agro-yndustry, lichte yndustry en toerisme.
Yn de Aldheid hawwe de Griken de koloanje Batis stiften. Sûnt de 11e iuw is de stêd bekend om syn fersterkings en sûnt de midsiuwen makket it part út fan Georgje. Foardat de stêd yn 1878 yn Russyske hannen kaam, hearde it sûnt de 16e iuw by it Ottomaanske ryk. Om dy reden is in grut part fan ynwenners fan Batumi en Adzjaarje islamitysk, yn tsjinstelling ta de measte oare ynwenners fan Georgje, dy't kristlik binne. Yn de tiid fan Stalin waard de moslimbefolking ûnderdrukt. Josef Stalin sels wenne yn 1901 in skoftke yn de havenstêd om stakings te organisearjen. It Stalin-museum bringt dy tiid noch yn it ûnthâld.
Batumi leit yn in regio mei in subtropysk klimaat, en is om dy reden útfierhaven fan sitrusfruchten, tee, tabak en hazzenuten. De stêd is it einpunt fan de Transkaukazyske spoarline en fan de Bakoe-oalje-piipline. De oalje wurdt oerpompt yn boaten dy't dêrmei rjochting Midslânske See farre.
De stêd is de sit fan it parlemint fan 'e Autonome Republyk Adzjarië. De 21 leden wurde elke fjouwer jier keazen. Fan 1991 oant 2004 waard Adzjarië diktatoriaal regearre troch Aslan Abashidze. Yn dizze perioade luts de autonome republyk him werom út it gesach fan 'e sintrale oerheid yn Tbilisi. Abashidze hie in leafde-haatferhâlding mei de doetiidske presidint fan Georgje, Eduard Sverdnadze, en ek mei syn opfolger, Mikheil Saakasjvili, wat net goed útrûn. Fanwegen bedrigingen fan militêre yntervinsje troch de Saakasjvili-regearing en massale protesten tsjin syn belied, flechte Abashidze yn maaie 2004 nei Ruslân. Sûnt dy tiid hat Adzjarië, en benammen de stêd Batumi, him ûntwikkele en woltieriger wurden.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Batumi fan Wikimedia Commons. |
