Basilyk Vierzehnheiligen

Ut Wikipedy
Basilyk Vierzehnheiligen
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak 96231 Bad Staffelstein
adres Vierzehnheiligen 2
koördinaten 50° 6' N 11° 3' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Bamberg
Arsjitektuer
arsjitekt Balthasar Neumann
boujier 1743-1772
boustyl barok, rokoko
hichte 75 m (tuorren)
Webside
vierzehnheiligen.de
Kaart
Basilyk Vierzehnheiligen (Beieren)
Basilyk Vierzehnheiligen

De basilyk Vierzehnheiligen (Basilyk fan 'e Fjirtjin Hilligen) by Bad Staffelstein is in beafeartstsjerke yn Oberfranken yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De neffens ûntwerp fan Balthasar Neumann boude tsjerke is oan 'e fjirtjin needhelpers wijd en wurdt alle jierren troch likernôch 500.000 minsken besocht.

De letbarokke basilyk stiet tusken Bad Staffelstein en Lichtenfels (Obermainland). De tsjerke waard tusken 1743 en 1772 boud en falt ûnder it aartsbisdom Bamberg. Sûnt 1897 hat de tsjerke de status fan in basilica minor.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren 1445-1446 krige in hoeder oant trije kear in fizioen fan it berntsje Jezus en de fjirtjin needhelpers. Op dat wûnder folge noch in oar wûnder: in slim sike jongfaam waard nei it plak fan 'e ferskinings brocht en op in wûnderlike wize better. Op oantrunen liet de sistersjinzerske abdij Langheim foar de yn gong sette pylgertochten in kapel delsette ta eare fan 'e fjirtjin needhelpers. Dy kapel waard yn 'e tiid fan 'e boereopstannen yn 1525 en de Tritichjierrige Kriich ferneatige. Besletten waard om dêrnei in grutte tsjerke te bouwen.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadalter.

De bou fan 'e tsjerke waard yn gearwurking mei in pear oare bouhearen laat troch de Langheimer abt Stephan Mösinger, dy't fan foarstbiskop Friedrich Karl Reichsgraf fan Bamberg de tastimming krige om it âlde gebou te ferfangen troch nijbou. Yn 1742 waard Balthasar Neumann frege om syn ûntwerp út te fieren. Yn april 1643 waard de earste stien lein, mar al gau moast de arsjitekt feststelle dat Gottfried Heinrich Krohne, dy't it wurk útfierde, fan it plan ôfwykte en de tsjerke eastliker as ornearre boude. Om 't it plak dêr't it genede-alter komme moast op it plak dêr't de fizioenen fan 'e hoeder bard wiene en dus ûnwrikber fêst lei, koe it alter net mear lykas plan yn 'e krusing opsteld wurde.

Tsjin alle wenst yn kaam it alter no yn 'e midden fan 'e tsjerke te lizzen. De biskop wie fan betinken dat de fout oan ûnkunde fan 'e protestant Krohne te witen wie, dy't net goed op 'e hichte wie fan 'e easken dy't oan in roomske beafeartstsjerke steld wurde. In oare mooglikheid wie dat Krohne besocht de boukosten sa leech mooglik te hâlden. Hoe dan ek, de biskop easke dat alle protestantske feroarings werom draaid waarden. Der waard no útsteld om de al boude muorren no hielendal te brûken foar it koer. Yn dat gefal soe de tsjerke dan langer wurde as hast alle barokke tsjerken fan Dútslân en dat gie wol wat te fier. Ofbraak fan de al boude muorren wie ek skande fan it jild, sadat Neuman frege waard om útgeande fan de sitewaasje in nij plan te meitsjen om sa fan de tsjerke in weardich hillichdom te meitsjen. Neumann hold it tafersjoch op 'e bou oant syn dea yn 1753. De saakkundige boumaster Thomas Nißler út Staffelstein foltôge de tsjerke yn 1772 neffens eigen ideeën.

Foarstbiskop Adam Friedrich von Seinsheim wijde de tsjerke op 14 septimber 1772 yn. Nei de sekularisaasje yn 1803 moasten de sistersjinzers, dy't de tsjerke behearden, harren kleaster en proasdij by Vierzehnheiligen opjaan. De tsjerkeskatten waarden ferpatst en de alterskilderijen ferdwûnen sûnder in spoar efter te litten. In part fan it oargel, doe tige weardefol, en de klokken fan 'e tsjerke waarden by opbod ferkocht. Sels de beafearten waarden ferbean.

De tsjerke fanút it súdwesten

Yn 1835 waard de tsjerke troch de bliksem troffen. It oargel, de spitsen fan de tuorren en it tsjerketek ferbaarnden. Yntusken wie de tsjerke al in boufal woarn. Sûnt 1839 mochten de Fransiskanen fan 'e Beierske kening Loadewyk I de beafeartstsjerke beheare. Hja renovearren de tsjerke en brochten wat feroarings oan. Fjouwer finsters ferdwûnen efter in nij oargel, de spitsen waarden oars en ek it ynterieur wie net mear itselde as it plan fan Neumann.

Yn 1897 krige de tsjerke fan paus Leo XIII de status fan basilica minor. Yn 'e rin fan 'e 20e iuw waard de tsjerke ferskillende kearen renovearre en sa, dat de tsjerke wer itselde is as it oarspronklike ûntwerp fan Neumann. It nije oargel waard yn 1999 sa boud, dat net mear fjouwer mar noch mar ien tsjerkefinster efter it oargel skûl giet.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grûnplan.

De tsjerke hat in yndrukwekkend front mei twa tuorren en in foarútspringend middendiel. It hege front fan 'e tsjerke is om fierrens te sjen en liket in andert op it oan 'e oare kant fan 'e delling lizzende kleaster Banz. De tsjerke is ien fan 'e bekendste barokke tsjerken.

Ferwulft mei fresko's en stúkwurk.

Los fan 'e bûtenmuorren ferdielde Neumann de binnenromte yn ovalen, dêr't er in dynamyske ienheid mei ûntwikkele. Om it genede-alter boude Neumann it grutste en sintrale ovaal.

It stúkwurk, de beskildering en it genede-alter meitsje fan 'e basilyk de meast troch de rokoko-styl beynfloede tsjerke fan Neumann. Ek it ljocht, dat troch it grutte oantal finsters en ek yndirekt de tsjerke ferljochtet, draacht by oan 'e bysûndere sfear fan 'e romte.

De 12 sm dikke ferwulften binne nei de dea fan Neumann oanbrocht. De ferwulften binne net makke fan it bêste materiaal en nimmen leauwde dat se it hâlde bliuwe soene. Mar oant de dei fan hjoed binne se noch yntakt, ek al hat der in brân yn 1835 west en stiene de ferwulften dêrnei noch jierren bleat oan it waard. Sûnder mis binne de ferwulften in masterwurk fan de boumaster Thomas Nißler, dy't allinne op eigen ûnderfining wurkje moast en net alles yn it foar berekkenje koe.

Genede-alter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alterromte.

It rokoko-alter is wijd oan 'e patroanhilligen fan 'e tsjerke en stiet frij yn 'e romte yn it midden fan it skip. It wie it doel dat de lokaasje ûnder de krusing fan de tsjerke komme moast. It stiet op it plak dêr't de hoeder syn fizioenen krige. It alter wurdt mei bylden fan 'e fjirtjin needhelpers en in kommunybank omfieme. Tolve fan 'e fjirtjiin helpers binne yn trije nivo's yn fjouwer rjochtingen set. De needhelpers Barbara en Katarina steane op 'e twa sydalters.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel.

Al yn 'e 18e iuw hie de tsjerke twa oargels. Ien dêrfan stie op 'e galerij boppe de sakristy, it gruttere oargel stie op 'e westlike galerij. Yn 'e rin fan 'e tiid wiene der oargels fan Augustin Ferdinand Bittner út Neurenberch en Ludwig Weineck út Bayreuth. Yn 1905 boude de firma Steinmeyer in grutter oargel, dat yn 1951 troch itselde oargelbedriuw waard fernijd. Nei in renovaasje moast der fanwegen skea oan it oargel in nij ynstrumint komme, dat troch de Eastenrykske firma Rieger Orgelbau set waard. Yn it súdlike dwersskip fan 'e basilyk stiet ek noch in lyts, mobyl oargel fan Eisenbarth.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Basilika Vierzehnheiligen