Springe nei ynhâld

Bartle fan Nysten

Ut Wikipedy

Bartle Piters fan Nysten, ek: Barthold of Bartholomeus fan Nijsten, (?, ±1628 - Ljouwert, 13 maart 1696), wie grytman fan Raerderhim (1670-1697), deputearre fan Fryslân (1686-1671) en lid fan de Admiraliteit fan Fryslân (1692-1696)

Bartle waard op 10 juny 1670 grytman fan Raerderhim en wie sûnt 1652 folmacht op de Lândei út Eastergoa. Op 11 febrewaris krige hy sitting yn it kolleezje fan deputearren. Yn dit en it folgjende jier wie hy kommissaris by de Synoade yn Ljouwert en It Hearrenfean, krektas yn 1683 nochris op It Hearrenfean en yn 1684 te Snits. Wie kommittearde by de provinsjale Rekkenkeamer.

Bartle wie in soan fan Piter fan Nysten (1575-1630) en Aafke Buwesdochter Jeltinga (1598-1656). Bartle troude yn 1656 mei Margareta fan Huych (*1630), se krigen yn 1660 ien famke, Jehanna Marije fan Nysten.

Hy ferstoar yn de âldens fan 68-jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van der Aa op Bartle fan Nysten
  • Fan Sminia - Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, side 165;
  • Haan Hettema, M. de en A. van Halmael - Stamboek van den Frieschen, vroegeren en lateren, adel (2 dielen., Ljouwert 1846) I, 232 en II, 157.
  • Wap. Viersen Gen. 5. Coehoorn, Gen. 6;
  • Sjarterboek D. V. side 543 folgg. 6 D. side 118 folgg. J.C. de Jonge, Unie fan Bruss. side 173.