Bakkerijmuseum De Alde Bakkerij
Bakkerijmuseum De Alde Bakkerij is in museum oan de Nieuwstraat yn it histoaryske sintrum fan Medemblik yn Noard-Hollân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1985 wie in tentoanstelling yn it eardere stasjon fan Medemblik oer it berop fan bakker it begjin fan it museum. De grûnslach is lykwols lein troch bakker Cees de Boer dy’t yn 1930 in bakkerij begjint yn Wadway, in doarpke yn West-Fryslân tusken Wognum en Spanbroek. Hy garret in soad bakkersguod dat de basis wurde soe foar it museum. Syn dochter, dy’t ek mei in bakker troud is, begûn begjin jierren tachtich yn de 'Aldheidkeamer’ fan it Weeshûs mei in útstalling fan de bakkersattributen. Nei in fêstiging yn de slachterswinkel iepent it museum yn 1988 oan de Nieuwstraat.
Oer it museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In soad âld-bakkers binne oan 'it lekkerste museum fan Nederlân' ferbûn. Yn it belibbingsmuseum binne oan ien trie wei demonstraasjes, aktiviteiten foar bern en workshops. De tentoanstelling fan helpmiddels en ark fan de bakker út de earste helte fan de 20e iuw, mar ek reau dat no noch troch bakkers brûkt wurdt. It museum fan 600 m² hat in grut tal foarwerpen dy’t te krijen hawwe mei libben en wurk fan de bakker eartiids. Fan spekulaasplanken, sûkelarje- marsepyn- en iisfoarmen oant en mei masines en ferfiermiddels. Se binne tematysk opsteld. Sa is der in bakkerij dêr’t koeke makke wurdt en binne der ôfdielings dêr’t de ferwurking fan sûkelarje en marsepyn demonstrearre wurdt. Soms, as it net te waarm is, falt te sjen hoe’t iis makke wurdt. Der binne ek in soad foarbylden fan bakkerskeunst te sjen lykas sierstikken fan sûker en skilderijen fan sûkelarje en pipermunt. Fierders binne der wol trije bakkerswinkelynterieurs en trochrinnend wurde histoaryske en edukative films fertoand. Op spesjale dagen rinne alle frijwilligers yn dracht en binne der lang ferjitten gebrûken en gewoanten te sjen. Der is ek in winkeltsje by.
Ferdwûne Bakkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it nijste gedielte mei tema Ferdwûne Bakkers giet oer it ferdwinen fan de ’bakker op de hoeke’. Der is in grutte presintaasje fan ark fan Westfryske bakkers, transportmiddels, bakkisten, reklamemiddels en ferpakkingsmaterialen. Mar ek histoaryske argyfstikken as keapakten, oerdrachten en komplete boekhâldings. Net allinnich fan histoaryske bakkerijen, mar ek 17e-iuwske administraasje fan de bôlebedieling fan de woldiedichheid yn Medemblik. Yn de audiofisuele romte is trochrinnend in tal filmopnamen fan bakkerijen út 1920-1965 yn bedriuw te sjen.
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde demonstraasjes en in rûnlieding jûn as it museum iepen is. Bern meie yn fakânsjes en op sneinen altyd sels oan de gong. Dat giet fan koeke fersieren oant en mei sels bonbons meitsjen, in soad knutseljen en kleurjen. Mar ek in Piratespeurtocht op sneon en iisblommen en ytbere flinters op oare dagen. Simmerdeis binne der spesjale aktiviteiten foar bern dy’t hjir ek harren jierdei fiere kinne. Helpen fan de bakker, koeke meitsje en fersiere en mei marsepyn wurkje. Ek foar skoallen is der in spesjaal programma.
Folwoeksenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De workshop Sûkelarje begjint mei útlis oer skiednis fan de produksje fan sûkelarje. De fine kneepkes oer temprearjen, tablearjen en dribbeljen wurde útlein wêrnei't besikers sels oan de gong geane.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |