Springe nei ynhâld

Bad Sobernheim

Ut Wikipedy
Bad Sobernheim
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Bad Kreuznach
Sifers
Ynwennertal 6.479 (2021)
Oerflak 54,18 km²
Befolkingsticht. 120 ynw./km²
Hichte 150 m.
Oar
Postkoade 55566
Koördinaten 49° 47' N 7° 39' E
Offisjele webside
Webstee
Kaart
Bad Sobernheim (Rynlân-Palts)
Bad Sobernheim

Bad Sobernheim is in stêd oan de Nahe yn lânkring Bad Kreuznach yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Noardlik leit de Hunsrück en súdlike it Nordpfälzer Bergland.

Bad Sobernheim is in erkend kuerplak. Njonken de stêd sels hearre ek de stedendelen Eckweiler, Pferdsfeld en Steinhardt by Bad Sobernheim.

Bad Sobernheim is in Ortsgemeinde en heart sûnt 2020 by de ferbânsgemeente Nahe-Glan.

Bad Sobernheim bekend waard bekend troch de fynst fan twa lokaasjes foar fossilen troch de dûmny-natoergenêzer Emanuel Felke . Dûmny Felke stie fan 1915 oant 1925 yn Bad Sobernheim. Oan de noardlike stedsrâne leit op it plak fan de eardere stienfabryk (Ziegelei) Eimer de lokaasje dêr't in soad fossilen fan planten út it Perm fûn binne. Fierder noardlik by it stedsdiel Steinhardt wurde yn de sânôfgraving Barth yn de sânstien ek fossilen fûn fan beammeresten, lykas dinappels. Yn de omjouwing wurdt oan de foet fan de súdlike hellingen fan de Dissibodenberg ek noch wol ris by tafal agaat fûn. De lokaasjes binne net foar it publyk tagonklik.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: