Bacharach

Ut Wikipedy
Bacharach
Bacharach from the Postenturm.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.867 (31.12.2019)
Oerflak 23,33 km²
Befolkingsticht. 80/km²
Hichte 70 meter boppe seenivo
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Lânkring Mainz-Bingen
Oar
Postkoade 55422
Offisjele webside
www.bacharach.de

Bacharach (ek bekend ûnder de namme Bacharach am Rhein) is in stêd en gemeente oan de Ryn en leit oan de Bundesstraße 9 yn de lânkring Mainz-Bingen yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De oarspronklike namme Baccaracus wiist op in Keltyske oarsprong. Boppe Bacharach leit de boarch Stahleck (hjoeddedei in jeugdherberch). Om Bacharach hinne is in protte wynbou.

Bacharach makket part út fan it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Middenryndelte en hat in skildereftich sintrum, dat alle jierren troch in soad toeristen wurdt besocht.

Ta de gemeente Bacharach wurde ek de plakken Henschhausen, Medenscheid, Neurath en Steeg rekkene.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn it sintrum binne oeral moaie fakwurkhûzen te finen.
  • Om 1344 hinne waard der útein set mei de bou fan de stedsmuorre. Grutte dielen hjirfan bleaune bestean, lykas ek njoggen fan de sechtjin ferdigeningstuorren. Oan de kant fan de Ryn giet in grut part fan Bacharach skûl efter de stedsmuorre mei trije tuorren.
  • De boarch Stahleck.
  • De protestanske, romaanske Pitertsjerke (Sankt Peter Kirche)
  • De katolike, barokke Sint-Nikolaastsjerke (Sankt Nikolauskirche) dy't op in poarte boud waard.
  • De ruïne fan de goatyske Wernerkapel (Wernerkapelle), in eardere beafeartstsjerke dêr't allinnich de muorren fan stean bleaune.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2013 wie 47,4% van de ynwenners protestansk en 30,7% katolyk.

Ôfbyldings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]