Springe nei ynhâld

Bûter yn 'e Brij Festival 2018

Ut Wikipedy
Bûter yn 'e Brij Festival 2018
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dongeradiel
plak Brantgum
holden yn tsjerke fan Brantgum
datum 2 septimber 2018
bysûnderheden
oanlieding 90e bertejier fan
   Tony Feitsma
soarte evenemint betinking
org. troch Feitsma Fûûns fwar it Frysk
offisjele webside
www.feitsmafuns.nl

It Bûter yn 'e Brij Festival 2018 (de offisjele namme is Frysktalich) wie in betinking fan 'e ferneamde wittenskipster Tony Feitsma (1928-2009), dy't op 2 septimber 2018 holden waard yn it Fryske doarp Brantgum. Oanlieding foar it evenemint wie dat Feitsma, dy't op alderhanne mêd fan grutte betsjutting west hat foar Fryslân en de Fryske taal, njoggentich jier earder yn Brantgum berne wie, op 18 jannewaris 1928. It namme fan it Bûter yn 'e Brij Festival ferwiisde nei Feitsma har reäksje "Dat is in stik bûter yn 'e brij," doe't se op har stjerbêd te hearren krige dat se yn Brantgum te hôf brocht wurde soe. De betinking waard organisearre troch it Feitsma Fûûns fwar it Frysk, dat de neilittenskip fan Feitsma beheart.

It tema it fan Bûter yn 'e Brij Festival 2018 wie "mienskip: doarp en identiteit". It sleat dêrmei oan by it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018, dat ek mienskip as tema hie, en dêr't it Feitsma Fûûns by belutsen wie. De betinking waard holden yn 'e tsjerke fan Brantgum. It program omfieme de oplêzing fan in Feitsma-kollumn fan en troch Friduwih Riemersma en in taspraak fan dû. Liuwe Westra fan Lollum, dêr't dyselde yn fertelde oer syn plannen foar in biografy fan Feitsma, dy't yn it neijier fan 2020 klear wêze moast. Fierders wiene der optredens fan sjongster Tetsje van der Kooi en fan 'e jonge spilers fan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, dy't in priuwke joegen út harren foarstelling fan 2018, Alice yn Wûnderlân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: