Springe nei ynhâld

Avonturenpark Hellendoorn

Ut Wikipedy
Avonturenpark Hellendoorn
  ferdivedaasjepark
Wyld wetter attraksje "Sungai Kalimantan" (2017)
Wyld wetter attraksje "Sungai Kalimantan" (2017)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Hellendoorn
plakHellendoorn
adresLuttenbergerweg
koördinaten52° 23' NB, 6° 26' EL
bysûnderheden
typeAttraksjepark
eignerLooping Group
iepen1936
oerflak8 ha
attraksjes29
achtbanen4
wetterattr.3
skiednis
hist. nammeOns Ideaal,
Ontspanningsoord De Elf Provinciën
gebou
boujier1936
offisjele webside
Webstee Avonturenpark Hellendoorn
kaart
Avonturenpark Hellendoorn (Oerisel)
Avonturenpark Hellendoorn
Lokaasje Avonturenpark Hellendoorn

Avonturenpark Hellendoorn is in attraksjepark yn Hellendoorn yn de provinsje Oerisel. It park is yn 1936 begûn as teehûs mei boarterstún en is útgroeid ta in folweardich attraksjepark. It attraksjepark leit yn in boskrike omjouwing oan de Luttenbergerweg westlik fan it plak Hellendoorn, oan 'e foet fan de Hellendoarnske Berch op de Sallânske Heuvelrêch.

Yn 1936 iepene Jan Van den Berg "Ons Ideaal", in teehûs mei terras, op de Hellendoarnske Berch. Om mear besikers te lûken, foege er der wat boarterstastellen oan ta. Twa jier letter feroare er de namme yn "Ontspanningsoord De Elf Provinciën". Yn 'e rin fan 'e jierren waarden meardere boarterstastellen tafoege en wreide it teehûs út nei restaurant. Yn 1947 begûn de oanlis fan it doalhôf , wat úteinlik trije jier yn beslach nimme soe. Ek waard it restaurant mei ekstra sealen útwreide. Yn 1956 sette it park útein mei de oanlis fan in mearkestún. Yn de santiger jierren waarden de earste grutte attraksjes tafoege lykas de "monorail", "Casa Magnetica" in attraksje fol mei optyske ilusjes, de "seeliuwenshow", de "Westernhal" en "Jungle Expedition". Yn 1978 wie de lêste nammeferoaring en krige it park de namme "Avonturenpark Hellendoorn". Dit jier iepene it attraksjepark syn earste achtbaan, "Avonturenslang". De achtbaan ferhuze yn 2004 nei in oar attraksjepark.

Yn de jierren 80 begûn it park mear út te wreidzjen en begûn it in attraksjepark te wurden. Sa iepene yn 1982 "Wild Waterval" ûnder de namme "Canadian River", de earste beamstamattraksje fan Nederlân. Yn 1991 waard de earste "rioolrat" iepene, in twaddehâns achtbaan dy't yn in hal pleatst waard dat in rioeltema krige. De achtbaan kaam út in Amerikaansk pretpark yn Iowa. De formule fan de "rioolrat" sloech oan en yn 1995 waard de twaddehânsk achtbaan ferfongen troch in nijbou eksimplaar, dat yn 1996 iepene waard. Yn 1997 waard wyld wetter attraksje "Sungai Kalimantan" iepene en lang waard tocht dat it de langste wyld wetter attraksje van fan Nederlân wie mar yn 2024 die bliken dat de Piraña fan de Efteling langer is.[1]. De topspin "Montezuma's Revenge" waard yn 1998 iepene, mar de attraksje waard yn 2021 ofbrútsen om't it ûnderhâld fan de attraksje te djoer waard, 1998 wie ek it jier dat de famylje Van den Berg it attraksjepark ferkocht, dernei hat park alwer yn ferskate hannen west. It doalhôf dat troch Jan Van den Berg yn 1947 ûntwurpen en yn 1949 iepene waard, waard yn 2012 fuorthelle om't it doalhôf yn minne steat wie.[2] Yn de maitiid fan 2024 iepene "Avonturenpark Hellendoorn" in 4e achtbaan neamd "RidderStrijd". It giet om in draaiende wildemûs-achtbaan en stiet op it plak dêr't earst it doalhôf lei.[3]

Ferneamde attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Opm.
Rioolrat[4] 1996 In oerdutsen Achtbaan
Sungai Kalimantan 1997 lang waard tocht dat it de langste wyld wetter attraksje fan Nederlân wie.[1]
Wild Waterval 1982 De âldste beamstamattraksje fan Nederlân. Hjitte earst "Canadian River"
Balagos - Flying Flame 1990 Hjitte earst "Tornado"
Donderstenen 2005 Donderstenen ferfangt yn 2005 de Avonturenslang, in achtbaan út 1978

Ferdwûne ferneamde attraksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Iepene Ofbrutsen Opm.
Doalhôf 1949 2013 Yn minne steat.
Rioolrat (1) 1991 1995 Ferfongen troch in nije achtbaan mei de namme rioolrat.
Montezuma's Revenge 1998 2021 Ofbrutsen om't it ûnderhâld te djoer waard.
Casa Magnetica 1978 2018
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
Ferdivedaasjeparken yn Nederlân
Fryslân
Duinen Zathe · Kameleondoarp · Sânjes Safary · Sybrandy's Boarterspark
Nederlân
Attractiepark Slagharen · Avonturenpark Hellendoorn · Bommelwereld · BillyBird Park Drakenrijk · BillyBird Park Hemelrijk · Drouwenerzand · Drievliet · Dinoland · DippieDoe · De Waarbeek · Duinrell · Efteling · Het Land van Jan Klaassen · Julianatoren · Kabouterland · Kinderstad Heerlen · Linnaeushof · Madurodam · Mini Mundi · Neeltje Jans · Nienoard · Oud Valkeveen · Park Tivoli · Plopsa Indoor · Rijk der kabouters · Speelland · Speelpark Hoge Boekel · Sprookjeshof · Sprookjesbos Valkenburg · Sprookjeswonderland · Toverland · Walibi Holland · Wonderwereld
Eardere ferdivedaasjeparken
Aeolus · Archeon · Ecodrome · De Valkenier · De Vluchtheuvel · Flevohof · Het Land van Ooit · Miniatuerpark Appelskea · Miniatuur Walcheren · Speelstad Oranje · Verkeerspark Assen · Yumble
· · Berjocht bewurkje