Auke
Appearance
(Trochferwiisd fan Aukje)
Auke, útspr. [ˈaukə], is in algemien foarkommende Fryske jongesnamme. Oan 'e útgong op "-ke" te sjen, liket it derop dat it oarspronklik in ferlytsingsfoarm west hat, dy't him ûntjûn hat út 'e histoaryske foarm Auwe of Auwen. Neffens nammekundige Rienk de Haan (1943-2018) wie Auwe in tige ferkoarte foarm fan beskate Germaanske nammen, mooglik begjinnend mei Alf-, dat "ûnierdsk" of "natoergeast" bestjut.[1] De ekwivalinte Fryske famkesnamme is Aukje, dy't krektlyk noch in hiel soad foarkomt.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Auke Adema (1907–1976)
- Auke Bloembergen
- Auke Stellingwerf (1635–1665)
- Auke Zijlstra
- Aukje de Vries
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|