Auke Bloembergen
Auke Ez. Bloembergen (Ljouwert, 1839 - dêre, 20 maaie 1901) wie rjochtsgelearde, deputearre en keamerlid. Hy wie troud mei J.E. Singels.
Op 18 septimber 1856 waard hy oan de hegeskoalle yn Leien ynskreaun as studint yn de Rjochten. Yn 1861 folge promoasje op it proefskrift Over papier aan toonder. Hy waard yn 1887 lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, yn 1888 lid fan Deputearre Steaten, en letter lid fan de Earste Keamer. In soad jierren wie hy lid fan de frijmitselderslôzje ‘De Friesche Trouw’, en ek yn it haadbestjoer fan de Nederlânske Frijmitselderij hie er in foaroansteand plak. Hy joech mei oaren de oansetten ta oprjochting fan in ambachtsskoalle yn Ljouwert. Yn it 15-jierrich tinkboek fan de skoalle stiet syn portret. Hy besoarge de útjefte fan J. van der Veen, Memorie van eisch in hooger beroep, yntsjinne by it gerjochtshof yn Ljouwert, troch tsjerkefouden fan de Nederlânsk-herfoarme gemeente yn Oosterend (Ljouwert, selde jier); wurke mei oan it Rapport oangeande it Toynbeewerk fanwege it Nut; en yn 1892 ferskynde syn ynliedend wurd op it iuwfeest fan it Nutsdepartemint Ljouwert.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|