Aucke van der Werff
Aucke van der Werff | ||
Algemien | ||
Berne | 3 septimber 1953 | |
Berteplak | Skettens | |
Partij | CDA | |
Politike funksjes | ||
1990-2002 | Gemeenteriedslid Wymbritseradiel | |
1998-2002 | Wethâlder Wymbritseradiel | |
2003-2010 | Boargemaster It Bilt | |
2010-2018 | Boargemaster Noardeastpolder |
Aucke van der Werff (Skettens, 3 septimber 1953) is in Nederlânske politikus foar it Kristen Demokratysk Appèl, CDA.
Van der Werff waard berne yn Skettens, mar brocht syn jeugd troch yn it Oeriselske Kampen. Hy folge de hbs-b en die dêrnei de pedagogyske akademy en de MO-learareoplieding Ingelsk. Hy hat as dosint Ingelsk wurksum west.
Sûnt 1988 is er warber yn de lokale polityk, earst as ôfdielingsfoarsitter fan it CDA yn Wymbritseradiel, dêrnei fan 1990 oant 2002 as lid fan de gemeenteried en fan 1998 oant 2002 as wethâlder en lokoboargemaster.
Sûnt 17 febrewaris 2003 is Van der Werff boargemaster oan It Bilt, as opfolger fan Klaas Dankert (PvdA).
Op 3 maaie 2010 is Van der Werff ynstallearre as boargemaster fan de gemeente Noardeastpolder.
Op 19 febrewaris 2018 hat Van der Werff oan de gemeenteried meidield dat er per 1 oktober fan dat jier ôftrede soe. Mei yngong fan 8 oktober 2018 is Henk Tiesinga beneamd as waarnimmend boargemaster. Dyselde jûn waard oankundige dat Harald Bouman troch de gemeenteried fan Noardeastpolder foardroegen waard as nije boargemaster en definitive opfolger fan Van der Werff.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portefúlje fan boargemaster Aucke van der Werff (mei foto), gemeente It Bilt
- Frysk pedagooch
- Frysk ûnderwizer
- Frysk bestjoerder
- Frysk politikus
- CDA-politikus
- Frysk gemeenteriedslid
- Frysk wethâlder
- Boargemaster fan It Bilt
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk pedagooch
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Skettens
- Persoan berne yn 1953