Aubertus fan Avranches
Aubertus fan Avranches († 18 juny 725 yn Avranches, Normandje) wie biskop fan Avranches en stifter fan de abdij Mont Saint-Michel.
Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aubertus libbe yn Frankryk yn de tiid doe't Gildebert III fan 695 oant en mei 711 oer it lân hearske. Aubertus ferstoar om 725 hinne. Syn âlders wiene ealju en Aubertus krige goed ûnderwiis. Doe't de biskopssit fan Avranches fakant kaam, waard Aubertus fanwegen syn frommens en wiisheid keazen ta biskop.
Fisioen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 708 krige Aubertus in fisioen. Yn dat fisioen seach er de aartsingel Michael, dy't him de opdracht joech om in kapel op de Mont Tombe (sa't de rots dy't no Mont Saint-Michel hjit doe neamd waard) oan de mûning fan de Couesnon te bouwen. Aubertus joech der fierder gjin omtinken oan, want hy miende dat it mar in gewoane dream wie. De aartsingel ferskynde dêrom foar in twadde kear en op 'e nij die Aubertus neat, want no tocht er dat it in demoanyske ferskining west hie. It joech de aartsingel argewaasje dat er no foar in tredde kear oan Aubertus ferskine moast en dêrom stiek de ingel mei syn finger yn 'e holle fan Aubertus en hiet him de opdracht no út te fieren. Dêr't de aartsingel him mei de finger oanrekke hie, bleau in gat yn 'e plasse fan Aubertus efter.
No hie Aubertus einlings foar it ferstân dat der in kapel boud wurde moast. Hy stjoerde der manlju op út nei Monte Gargano yn Itaalje om reliken foar de nije kapel op de Mont-Tombe fan de aartsingel op te heljen. Op 16 oktober 709 waard dy kapel ynwijd. Ynearsten wiisde Aubertus tolve koarhearen oan om op de kapel te passen. It kleaster waard yn 966 troch benediktynske muontsen oernommen.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Aubertus waard syn lichem nei alle gedachten yn in stiennen sarkofaach lein, lykas de Merovingyske tradysje foarskreau, en, neffens yn winsk, yn it koer fan de kleastertsjerke op de Mont Saint-Michel byset.
De reliken fan Aubertus waarden yn 1012 opgroeven en yn in nije skryn dellein. De plasse en de rjochterearm waarden yn aparte relykhâlders bewarre. De Mont Saint-Michel waard troch it grutte tal mirakels, in grutte relikensamling en de stipe fan de hartogen fan Normandje al gau in wichtich beafeartsplak.
Mei it útbrekken fan de Frânske Revolúsje koe de plasse yn 1792 troch in arts, Louis-Julien Guérin, feilich steld wurde. De revolúsjonêren makke de arts wiis makke dat er de plasse foar syn stúdzje brûke koe. Doe't de ûnrêst delbêde joech de arts de skedel werom oan de geastliken. It relikwarium mei de earm fan de hillige wie lykwols ferdwûn.
Yn 1856 waard de plasse oerbrocht nei de nije basilyk fan Saint-Gervais fan Avranches, dêr't it relikwarium mei de skedel sûnt yn de skatkeamer bewarre wurdt.
Sint-Aubertus wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke as hillige fereare. Syn feestdei is 10 septimber.
Undersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gat fan de plasse yn it relikwarium waard yn de hiele midsiuwen taskreaun oan de godlike yntervinsje. Der binne yn de rin fan de tiid ferskillende rasjonele ferklearrings jûn foar it wûnderlike gat yn de plasse fan it relikwarium. Guon woene ha dat de skedel fan in prehistoarysk persoan wie. It gat soe feroarsake wêze troch trepanaasje. Ek waard der ornearre dat it gat in gefolch wie fan de magyske kultus fan it fêstspikerjen fan Merovingyske liken om tefoarren te kommen dat hja werom kamen.[1]
Op inisjatyf fan de skiedkundige Emmanuel Poulle (1928-2011), lid fan it Institut de France, is de skedel yn de jierren 2000 paleopathologysk ûndersocht. Neffens it ûndersyk soe de skedel fan in man fan 60 of âlder west ha en soe de oarsaak fan it gat mooglik in epidermale kyste west ha. De ûnderhûdske kyste foarme yn it libben fan de pasjint in knobbel en nei ferrin fan tiid liede dat ta ferlies fan bonkesubstânsje.[2]
In ûndersyk mei koalstofdatearing fan it antropologysk laboaratorium fan de Universiteit fan Caen yn 2019 wiisde út dat de plasse fan in persoan wie dy't libbe oan it begjin fan de 8e iuw, dus yn de tiid fan de stifting fan it earste hillichdom op de Mont Saint-Michel. Der binne sadwaande gjin beletsels om oan te nimmen dat de plasse fan de stifter fan Mont Saint-Michel is, Aubertus fan Avranches.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|