Atje Keulen-Deelstra

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Atje Keulen- Deelstra)
Atje Keulen-Deelstra
sporter
Atje Keulen-Deelstra yn aksje op de 1500 meter, Dimter 1972
Atje Keulen-Deelstra yn aksje op de 1500 meter, Dimter 1972
persoanlike bysûnderheden
bynamme Us Atsje
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 31 desimber 1938
berteplak Grou
stjerdatum 22 febrewaris 2013
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
lingte 168 sm
gewicht 60 kg
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Koartebaan, Langebaan, Maratonriden
earste titel 1969 NK Koartebaan
O.S. Sapporo 1972
debút 1963
karriêre-ein 1980
ekstra Yn 1999 útroppen ta Frysk Sporter fan de 20ste iuw
wichtige prestaasjes
yn 1970 in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2
Atje Deelstra, 22 jier, noch net op noren (1961)
Atje Keulen-Deelstra wurdt earste yn it algemien einklassemint by de nasjonale reedrydkampioenskippen 1972.

Atje Keulen-Deelstra (Grou, 31 desimber 1938 - Ljouwert, 22 febrewaris 2013), ek wol Us Atsje neamd, is ien fan de ferneamdste Fryske reedrydsters. Se troude mei de Jirnsummer boer Jelle Keulen. Se krigen trije bern wêrfan't de jongste, Boukje ek yn wedstrydferbân reedriden hat, mar dêryn minder suksesfol wie as har mem. Fan de beide soannen Kees en Goos helle dy lêste in beskieden sukses as keatser troch yn 1983 mei syn maten foar Jirnsum in 4e priis op de Freulepartij yn Wommels te winnen.

Yn it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw helle Atsje har grutte suksessen. Se soe 4 kear Wrâldkampioene en 3 kear nûmer ien op in Europeesk kampioenskip wurde. Dêrneist waard se ferskate kearen Nederlânsk kampioene en wie se in betûft koartebaanrydster, sa waard hja op har 16e famkeskampioene fan Fryslân. Op de Olympyske Winterspullen 1972 yn Sapporo wûn Keulen-Deelstra in sulveren en twa brûnzen medaljes. Keulen-Deelstra waard yn 1970 ferkeazen ta Sportfrou fan it jier.

Yn 1997 ried hja inkele wiken nei't hja ferwûne rekke wie by in ferkearsûngemak noch de Alvestêdetocht.

Grutste suksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wrâldkampioene:

Europeesk kampioene:

Op 14 maart 1970 ried se in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2.

De Alvestêdetocht lei se sawol op redens, fytsend as rinnend ôf.

Resultaten (rest)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1969 7e
1970 Goud 4e Goud Brûns
1971 Sulver 4e NS2 4e
1972 Goud Goud Goud 4e 6e 500m
Sulver 1000m
Brûns 1500m
Brûns 3000m
1973 Goud Goud Goud Sulver
1974 Goud Goud Goud Sulver
NS = net start op twadde ôfstân

Literatuerlist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bijlsma, Hedman, Tom Dekkers, Arie van Erk e.a. (1997) Schaatsseizoen '96-'97: 25e Jaargang 1996-1997, statistische terugblik Stichting Schaatsseizoen, Assen
  • Eng, Trond (2002) All Time International Championships, Complete Results: 1889 - 2002 WSSSA-Skøytenytt, Askim
  • Eyle, Wim van (1982) Een Eeuw Nederlandse Schaatssport Het Spectrum, Utert
  • Fear, Ypk Fan der (1974) Us Atsje . Alternatyf, Bûtenpost
  • Koomen, Theo (1971) 10 Jaar Topschaatsen Luitingh, Laren (Noard-Hollân)
  • Koomen, Theo (1972) Topschaatsen 1972 Luitingh, Laren (Noard-Hollâ)
  • Koomen, Theo (1973) Topschaatsen 3 Luitingh, Laren (Noard-Hollân)
  • Kleine, Jan (1968) Schaatsjaarboek 1968/69, alles over het hardrijden op de lange baan Dico, Amsterdam
  • Kleine, Jan (1969) Schaatsjaarboek 1969-'70, alles over het hardrijden op de lange baan Dico, Amsterdam
  • Kleine, Jan (1970) Schaatsjaarboek 1970-'71, alles over het hardrijden op de lange baan Nymwegen
  • Kleine, Jan (1971) Schaatsjaarboek 1971-'72, alles over het hardrijden op de lange baan Nymwegen
  • Maaskant, Piet (1970) Atje Keulen-Deelstra vertelt exclusief haar story La Rivière & Voorhoeve, Swol
  • Maaskant, Piet (1970) Heya, Heya! Het nieuwe boek van de Schaatssport La Rivière & Voorhoeve, Swol
  • Peereboom, Klaas (1972) Van Jaap Eden tot Ard Schenk De Boekerij, Baarn
  • Teigen, Magne (1989) Komplette Resultater Internasjonale Mesterskap 1889 - 1989: Menn/Kvinner, Senior/Junior, allround/sprint. Veggli, Noarwegen: WSSSA-Skøytenytt (Noarsk)
  • Witkamp, Anton (1972) (redaksje Dolf Koning) Schaatsgoud '72 Teleboek NV, Bussum

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Atje Keulen-Deelstra fan Wikimedia Commons.