Asser

Ut Wikipedy

Asser (ek wol John Asser, Asserius Menevensis; † ±909) wie in muonts út it St. David's kleaster yn it keninkryk Dyfed yn Wales, gelearde oan it hof fan Alfred de Grutte en letter biskop fan Sherborne

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan súdlik Grut-Britanje mei plakken dy't Asser besocht hat. Ek de kleasters dy't er fan kening Alfred krigen hat binne te sjen

Asser waard yn Pembrokeshire berne. Aartsbiskop Asserius[1] of aartsbiskop Novis (Nobis),[2] famylje fan him, liet him yntrede en ûnderrjochtsje yn it kleaster St. David's yn Menevia. Syn namme krige klank út reden fan syn geleardens en yn 885 waard er troch Alfred de Grutte, de Angelsaksyske kening fan Wesseks oan it hof útnûge. Asser besleat earst nei in healjier om te kommen. Yn Winchester rekke er lykwols siik en moast er syn reis in jier lang ûnderbrekke. Doe't Alfred hieltiid ûngeduldiger waard die er de kening de tasizzing om in healjier oa it hof te bliuwen. Nei acht moanne ferliet Asser it hof en krige er fan Alfred de kleasters Amesbury yn Wiltshire en Banwell yn Somersetshire as geskink. Om 890 hinne hie er ek it kleaster fan Exeter en folge er Wulfsige yn 895 op as biskop fan Sherborne.[1]

Asser hat as fertrouweling fan de kening grif bydroegen oan de saneamde Agelsaksyske „Renêssânsee“, dy't troch de gelearde rûnten oan Alfred's hof mooglik waard.

Asser stoar yn 908,[3] 909[4] of 910[5] en waard doe troch Swithelmus as biskop fan Sherborne opfolge.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Asser skreaun ± 893 in biografy fan Alfred de Grutte (oer it tiidrek 849 oant 887), Vita Ælfredi regis Angul Saxonum);[6] troch Einhards Karelbiografy ynspirearre, dy't de wichtigste boarne oer de tiid fan Alfred de Grutte foarmet. Kening Alfred wurdt tige geunstich ôfskildere yn dit wurk, benammen wat syn ferwar tsjin de Wytsingen oanbelanget.

Fan Asser's wurk is ien hânskrift út de 10e iuw bewarre bleaun (Cottonian manuscript: Otho A, XII), dy't troch Francis Wise yn 1722 werprinte en útjûn waard, foardat it orzjineel yn 1731 by in brân ferlern gie.

Oersettingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • S. Keynes en M. Lapidge: Asser's Life of King Alfred and other contemporary sources. Penguin Classics, 1983
  • Alfred P. Smyth: The medieval life of King Alfred the Great: a translation and commentary on the text attributed to Asser. Basingstoke 2002

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Richard Abels: Alfred the Great. War, kingship and culture in Anglo-Saxon England. Londen 1998.
  • Alfred P. Smyth: King Alfred the Great. Oxford 1996.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan Asser yn de Dútsktalige Wikipedy
  1. 1,0 1,1 Artikel Asser. In: Catholic Encyclopedia. New York 1907.
  2. Life of King Alfred (englisch) by The Northvegr Foundation
  3. Annales Cambriae
  4. Ferskate manuskripten fan de Angelsaksyske Kronyk
  5. Ferskate manuskripten fan de Angelsaksyske Kronyk
  6. Life of King Alfred (in) útjouwer: The Northvegr Foundation