Springe nei ynhâld

Aspirearre konsonant

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aspiraasje (útspraak))
aspirearre konsonant
◌ʰ
IPA-nûmer 404
kodearring
HTML ʰ
Unicode U+02B0
foarbyld
in aspirearre t yn it Mandarynske wurd tàn, IPA: [tʰan]

In aspirearre konsonant (of aspirearre bylûd) is yn 'e fonetyk de beneaming foar in konsonant wêrfan't de útspraak mank giet mei in luchtstream út it spraakkanaal. Dat kin foarkomme by beskate obstruïnten. De útspraak fan 'e konsonant wurdt dan daliks folge (of, yn sommige gefallen, foarôfgien) troch in stimleaze glottale wriuwklank (in h). Dit ferskynsel, dat sawol fonetysk as fonologysk fan aard wêze kin, wurdt aspiraasje neamd. Yn it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA) wurdt it werjûn troch it symboal [◌ʰ], in lytse letter h yn superskrift (it rûntsje fan punten jout it plak fan 'e konsonant oan).

By it útsprekken fan stimleaze konsonanten binne de stimbannen wiid iepene, wylst se by it útsprekken fan stimhawwende konsonanten hielendal of foar in diel sletten binne. Aspiraasje fan stimleaze konsonanten komt foar as de stimbannen in skoftke foar of nei it útsprekken fan 'e konsonant iepen bliuwe (as dat foarôfgeande oan it útsprekken fan 'e konsonant bart, is der sprake fan pre-aspiraasje).

Aspiraasje komt yn in soad talen foar. Yn Nederlân is it ferskynsel benammen bekend út 'e Grinslânske útspraak fan it wurd 'Martinitoren': "Marthinithoren". Yn it Ingelsk komt it foar yn 'e (korrekte Britsk-Ingelske) útspraak fan guon wurden dy't as begjinklank in [k], [p] of [t] hawwe, lykas coal [kʰoʊl] ("stienkoal"), pit [pʰɪt] ("djip gat") en take [tʰeɪk] ("nimme"). Yn it Grinslânsk, it Ingelsk en in soad oare talen komme asprirearre konsonanten foar as allofoanen fan ûnaspirearre konsonanten, d.w.s. dy konsonanten wurde sa útsprutsen om't se yn in beskate posysje yn it wurd steane, bgl. oan it begjin fan it wurd (ferlykje de Ingelske útspraak fan pin [pʰɪn] mei spin [spɪn]) of oan it begjin fan in wurdlid (Marthinithoren). Yn sokke gefallen is de aspirearre útspraak fan in konsonant net betsjuttingsûnderskiedend.

Yn in soad talen is aspiraasje lykwols fonemysk. Dat wol sizze dat der wurden binne dy't persiis-en-gelyk útsprutsen wurde, útsein de aspiraasje fan ien of mear konsonanten. Soks komt foar yn û.m. it Armeensk út 'e Kaukasus, de Yndo-Aryske talen fan noardlik Yndia, de Dravidyske talen fan súdlik Yndia, it Koreaansk en alle fariëteiten fan it Sineesk (wêrûnder it Mandarynsk) út East-Aazje, it Taisk en besibbe talen út Súdeast-Aazje, it Lakota út Noard-Amearika en it Iislânsk, it Aldgryksk en de Allemannyske dialekten fan it Dútsk út ferskate dielen fan Jeropa. Yn sokke gefallen is aspiraasje dus betsjuttingsûnderskiedend. It kin ek wêze, lykas yn it Arabysk en it Perzysk, dat àlle konsonanten aspirearre útsprutsen wurde. Dan is der dus wer gjin ferskil yn betsjutting.

Aspiraasje fan benammen plofklanken is yn 'e measte talen dy't dit ferskynsel kenne, beheind ta klanken oan it begjin fan wurden of wurdlidden, mar yn guon talen, lykas it Eastarmeensk, komt it ek oan 'e ein fan wurden foar.

Foarbyld: de ûntwikkeling fan aspiraasje yn it Aldgryksk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Aldgryksk omfieme it Klassike Attysk fan it âlde Atene in trijefâldich ûnderskie tusken plofklanken op trije ûnderskate plakken fan útspraak yn 'e mûle, te witten labiaal: [p], [pʰ] en [b]; koronaal: [t], [tʰ] en [d]; en felêr: [k], [kʰ] en [ɡ]. Dy rigen waarden troch lettere hellenistyske taalkundigen omskreaun as ψιλά (psilá, "glêd"), δασέα (daséa, "rûch"), resp. μέσα (mésa, "tuskenbeiden"). Ierdere foarmen fan it Gryksk, lykas it Myseensk-Gryksk, hiene wierskynlik in labialisearre felêre aspirearre plofplank [kʷʰ] (de kw fan "kwea" mar mei in h derefteroan), dy't letter útinoarfoel yn in aspirearre labiale, koronale of felêre konsonant ôfhinklik fan dialekt en fonetysk om-en-by.

De Aldgrykske susterdialekten fan it Attysk, te witten it Ioanysk, it Doarysk, it Eoalysk en it Arkado-Syprioatysk, hiene nei alle gedachten op in stuit yn harren ûntjouwing itselde trijefâldige ûnderskie fan 'e trije plofklanken, hoewol't it Doarysk yn 'e klassike perioade ynstee fan 'e [tʰ] in ekstra wriuwklank hân liket te hawwen, wylst de aspirearre konsonanten yn it Ioanysk en it Eoalysk yn guon posysjes harren aspiraasje ferlearen yn in proses dat desaspiraasje of psiloaze hjit. Letter, doe't it Aldgryksk him ûntwikkele hie ta it Hellenistysk-Gryksk, rekken de aspirearre en stimhawwende plofklanken [tʰ] en [d], yn in proses dat lenysje hjit, ôfswakke ta de stimleaze en stimhawwende wriuwklanken [θ] en [ð] (de stimleaze en stimhawwende th fan it Ingelsk), dy't yn it moderne Gryksk noch altyd foarkomme.

It Iislânsk en it nau besibbe Fêreusk hawwe konsonanten mei pre-aspiraasje, wêrby't de h-klank foarôfgeande oan 'e konsonant útsprutsen wurdt: [ʰk], [ʰp] en [ʰt]. Guon taalkundigen sjogge pre-aspirearre konsonanten net as in utering fan aspiraasje, mar ynstee as konsonanteklusters, ferlykber mei 'str' yn "striel" en 'kl' yn "klauwe". Yn 'e Iislânske útspraak binne pre-aspirearre konsonanten betsjuttingsûnderskiedend; ferlykje:

  • kapp, [kʰɑʰp], "fanatike iver"
  • gabb, [kɑp], "grap"
  • gap, [kɑːp], "iepening"

Pre-aspiraasje komt ek foar yn 'e Samyske talen fan noardlik Skandinaavje. Yn it Noardsamysk, bygelyks, wurde plof- en wriuwklanken /p/, /t/, /ts/, /ʧ/ en /k/ pre-aspirearre útsprutsen: [ʰp], [ʰt] [ʰts], [ʰʧ] en [ʰk]. Dat is lykwols inkeld sa as se middenyn it wurd of yn wurdeinige posysje steane. De pre-aspiraasje is yn dit gefal dus net fonemysk, mar allofoanysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.