Eoalysk
Eoalysk | ||
algemien | ||
taalgebiet | Eoalje, Lesbos, Boeoasje en Tessaalje | |
skrift | Gryksk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Helleensk ● Aldgryksk ● Sintraal Aldgryksk ● Eoalysk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | 800 – 300 f.Kr. |
It Eoalysk wie it dialekt fan it Aldgryksk dat tusken likernôch 800 en 300 f.Kr. sprutsen waard yn Eoalje (in krite oan 'e noardlike westkust fan Lyts-Aazje), op it eilân Lesbos, yn 'e eastlike Egeyske See, en yn 'e Grykske lânstreken Boeoasje (it gebiet yn sintraal Grikelân om Tebe hinne) en Tessaalje (yn noardlik Grikelân).
It wie ien fan 'e beide foarmen fan it Sintraal Aldgryksk, yn 'e mande mei it Arkado-Syprioatysk, dat sprutsen waard yn 'e lânstreek Arkaadje (yn it binnenlân fan 'e Peloponnesos) en op Syprus. It Eoalysk ûnderskate him û.o. fan it Arkado-Syprioatysk en fan 'e oare Grykske dialekten troch it behâld fan in grut tal argaïsmen, âlde taalfoarmen dy't út 'e oare dialekten al weiwurden wiene. Oan 'e oare kant hie it Eoalysk ek in protte eigen ynnovaasjes, dy't likemin yn 'e oare dialekten foarkamen.
It Eoalysk is wiid ferneamd as de taal fan 'e lyryske dichteresse Sapfo fan Lesbos, dy't yn 'e sânde iuw f.Kr. libbe. Doe't letter fanôf de sechsde iuw f.Kr. troch de opkomst fan 'e stêdsteat Atene as politike grutmacht it dêr sprutsen Attyske dialekt ta standertskriuwtaal waard, rekken it Eoalysk en syn literatuer lykwols stadichoan yn it neigean. Yn Plato syn Protagoras wurdt de Eoalysktalige skriuwer Pittakus fan Mytilene omskreaun as "in barbaar", om't er "de wurden net goed faninoar ûnderskiede kin". It Eoalysk út dy tiid wie foar in kontemporêne Attysksprekker al hast net nei te kommen, en nei 300 f.Kr. stoar it stadichoan út.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |