Springe nei ynhâld

Arnold Jan d'Ailly

Ut Wikipedy
Arnold Jan d'Ailly
Boargemaster d'Ailly ûntfangt Amerikaanske tulpekeninginne (1955)

Arnold Jan d'Ailly (Frjentsjer, 22 juny 1902 - Amsterdam, 24 novimber 1967) wie boargemaster fan de gemeente Amsterdam fan 1946 oant 1956.

D'Ailly wie soan fan in húsarts, en groeide op yn Doesburg yn in remonstrantske húshâlding, as middelste fan trije bern. Nei syn eineksamen gymnasium begûn er yn 1921 oan in stúdzje rjochten oan de Gemeente Universiteit fan Amsterdam. Yn 1926 helle hy syn doktoraal. Hy ferloofde him mei Anna Fritz, de dochter fan in effektehanneler en waard yn 1929 sekretaris fan de Feriening fan de effektehannel. Begjin 1940 waard er lid fan de Ried fan Behear fan dy feriening, om inkele moannen letter bankier te wurden by de Kas-Vereeniging NV. Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch stelde er him lange tiid tige hoeden foar de besetter oer. Doe't Gijs van Hall in berop op him die om te helpen by it finansierjen fan it ferset, wegere d'Ailly dit. Pas ein 1944 spile hy in rol yn it stypjen fan it ferset. Mei it ferkeapjen fan falske promessen slagge it him en bring inkele tsientallen miljoenen by elkoar wêrmei't it Nasjonaal Steun Fûns de Spoarweistaking finansearre.

Nei de oarloch waard hy frege as minister fan Finansjen yn it kabinet-Schermerhorn-Drees. De funksje gie lykwols nei Piet Lieftinck en d'Ailly waard direksjelid van De Nederlandsche Bank. Yn 1946 folge hy de fersetsman en tydlik boargemaster Feike de Boer op as earste boarger fan de gemeente Amsterdam. Syn amtsperioade foel yn de Kâlde Oarloch. De yn de gemeente Amsterdam tige populêre CPN hie nei de oarloch twa wethâlders, Leen Seegers en Ben Polak, dy't yn 1948 troch d'Ailly ûntslein waarden. Dat late ta in fjochtpartij yn de gemeenteried. Koarte tiid letter belibbe d'Ailly syn hichtepunt: de ynhuldiging fan keninginne Juliana. D'Ailly hie nauwe bannen mei it keningshûs, yn it bysûnder mei keningin Wilhelmina.

Bynamme fan D'Ailly wie de fleanende boargemaster meidat it nuver fûn waard dat er oer de hiele wrâld reizge. Jo Spier tekene de koffer fan burgemeester d'Ailleurs ('boargemaster fan earne oars'), mei dêrop etiketten fan ferskate wrâldstêden.

D'Ailly wie de lêste jierren fan syn amtsperioade foarsitter fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten (VNG). Hy moast yn 1956 as boargemaster ôftrede omdat er bûten sy houlik omsloech mei Gisèle van Waterschoot van der Gracht, in Nederlânske keunstenaresse dêr't er letter mei troude. Dêrnei gie er werom nei de bankwrâld as direkteur fan de Natsjnale Hannelsbank. As boargemaster waard er opfolge troch Gijs van Hall.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: