Springe nei ynhâld

Arnold Böcklin

Ut Wikipedy
Arnold Böcklin
keunstner
Selsportret, 1873
Selsportret, 1873
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Switsersk
berne 16 oktober 1827
berteplak Basel
stoarn 16 jannewaris 1901 (73 jier)
stjerplak San Domenico, Itaalje
wurkpaad
streaming symbolisme
bekendste
  wurk(en)
Die Toteninsel, Selbstbildnis mit fiedelndem Tod, Villa am Meer
offisjele webside
RKD-profyl
Selbstbildnis mit fiedelndem Tod
Grêf fan Böcklin, Cimitero degli Allori, Florâns

Arnold Böcklin (Basel, 16 oktober 1827 – San Domenico by Fiesole, provinsje Florence, 16 jannewaris 1901) wie in Switserske keunstskilder, tekener, grafikus en byldhouwer. Hy jildt as ien fan de wichtichste byldzjende keunstners fan de 19e iuw yn Europa. Syn wurk wurdt rekkene ta it symbolisme.

Hy waard berne yn Basel. Syn heit, Christian Frederick Bösinen (* 1802 ), stamde ôf fan in âlde famylje út Schaffhausen en wie wurksum yn de sidehannel. Syn mem, Ursula Lippe, kaam út deselde stêd. Arnold studearre oan de Düsseldorfse akademy ûnder Schirmer, en rekke befreone mei de Dútske skilder Anselm Feuerbach. Hy wurdt assosjearre mei de Düsseldorfske skilderskoalle. Schirmer, dy 't yn him in learling fan útsûnderlike belofte seach, stjoerde him nei Antwerpen en Brussel, dêr't er de wurken fan Flaamske en Hollânske masters kopiearre. Böcklin yn gie dêrnei nei Parys, wurke yn it Louvre en skildere ferskate lânskippen.

Nei syn miliêre tsjinst gie Böcklin yn maart 1850 nei Rome. De protte nijsgjirrichheden fan Rome wiene in nije stimulâns foar syn geast. Dy nije ynfloeden brochten allegoaryske en mytologyske figueren yn syn komposysjes. Yn 1856 kaam er werom nei München, dêr 't er fjouwer jier bleau.

Syn earste ferloofde stoar jong. In twadde frou wegere om te trouwen. Yn Rome troude er yn 1853 mei Angela Rosa Lorenza Pascucci. It pear krige fjirtjin bern, mar fiif stoaren yn 'e bernejierren en nochris trije stoaren fóár Böcklin. Sels beswykte er yn 1859 hast oan tyfus.

Mei Ferdinand Hodler, Max Klinger en Lovis Corinth is Böcklin ien fan de wichtichste fertsjintwurdigers fan it Dútske symbolisme, dat bruts mei de dominante akademyske skilderkeunst en it naturalisme fan de twadde helte fan de 19e iuw. Böcklin yn hearde ek ta de favorite kar fan hjoeddeiske keunstners dy't troch it " Komitee foar de oankeap en beoardieling fan Stollwerck Schilderijen " fan de Keulse sûkeladefabryk Stollwerck foardroegen waarden foar ûntwerpopdrachten. [1] Surrealisten as Giorgio de Chirico, Salvador Dali en Max Ernst seagen Böcklin as ien fan harren foarrinners en priizgje him as in "briljant en ironysk keunstner".

Ta de wichtichste wurken fan de keunstner hearre de fiif farianten fan 'Filla oan see', 'Selsportret mei de dea dy't fioele spilet' (1872) en de fiif farianten fan 'Eilân fan de deaden' (1880 -1886). Yn 1896 makke Böcklin yn it skilderij Der Krieg ('De oarloch').

Böcklin syn namme waard ek bekend troch it Art Nouveau-lettertype dat Otto Weisert nei syn dea makkee en nei him ferneamde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Detlef Lorenz: Reklamekunst um 1900. Künstlerlexikon für Sammelbilder. Reimer-Verlag, Berlin 2000, ISBN 3-496-01220-X
  2. https://www.museenkoeln.de/portal/bild-der-woche.aspx?bdw=2017_42