Arnaud Beltrame

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Anaud Beltrame
Big battle symbol.svg militêr
Arnaud Beltrame 2.jpg
persoanlike bysûnderheden
namme folút Arnaud Jean-Georges Beltrame
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 18 april 1973
berteplak Étampes
stoarn 24 maart 2018 (44 jier)
stjerplak Trèbes
wurkpaad
tsjinsttiid 1999-2018
yn tsjinst fan Frankryk
legerûnderdiel Nasjonale Sjendarmery
heechste rang luitenant-kolonel

Arnaud Jean-Georges Beltrame(18 april 1973 - 24 maart 2018) wie in Frânsk militêr plysjeman mei de rang fan luitenant-kolonel yn de Frânske Nasjonale Sjendarmery. Ek wied er plakferfangend befelhawwer fan de departemintale sjendarmery fan Aude. By in terroristyske oanslach yn Trèbes, ferlear Beltrame it libben nei't er frijwillich fan plak wiksele hie mei in gizeler. Dêrfoar waard er postúm ta kommandeur yn it Légion d'Honneur beneamd. Beltrame wie ek ridder fan de Nasjonale Oarder fan Fertsjinste (Ordre national du Mérite) en dekorearre mei it Krús foar de Militêre Heldhaftichheid (Croix de la Valeur Militaire, mei brûnzen stjer) en de Nasjonale Definsjemedalje (Médaille de la Défense nationale) foar syn tsjinjen yn Irak.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Militêre karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beltrame folge in tariedende oplieding oan it Militêr Lyseum fan Saint-Cyr (ferlykber mei de KMA yn Nederlân), en ferfolle dêrnei syn tsjinstplicht as ûnderofsier (efterinoar) oan 'e Legerartilleryskoalle yn Draguignan, by it Frânske 35e Parasjute-artilleryregimint, en by it Frânske 8e Artilleryregimint. Dêrnei folge er in algemiene oplieding oan 'e École Militaire Interarmes (EMIA) yn Coëtquidan, dêr't ûnderofsieren en reserve-ofsieren oplaat wurde ta ofsieren. Oanslutend folge er oan 'e École des Officiers de la Gendarmerie Nationale yn Melun in oplieding ta ofsier fan 'e Nasjonale Sjendarmery, de Frânske maresjesee (dy't lykwols yn Frankryk folle mear plysjetaken hat as de Keninklike Maresjesee yn Nederlân).

Neitiid waard Beltrame tafoege oan 'e mobile pânsersjendarmery yn Versailles, in elite-ienheid dy't spesjalisearre is yn krisisyntervinsje, mei as wurkgebiet Parys en omkriten. Letter tsjinne er by de Parasjute-yntervinsjemacht fan de Nasjonale Sjendarmery (EPIGN), ek yn Versailles. Om't de beskerming fan 'e Frânske diplomatike fertsjintwurdigings yn it bûtenlân in taak fan 'e Nasjonale Sjendarmery is, tsjinne Beltrame yn 2005, ûnder de Irakoarloch, in jier as wacht fan 'e Frânske ambassade yn 'e Iraakske haadstêd Bagdad. Yn dy perioade wied er ûnder mear belutsen by de rêding fan in Frânsk steatsboarger, in die dêr't er yn 2006 de Earemedalje fan Bûtenlânske Saken foar ûntfong.

Neitiid tsjinne Beltrame as kommandant fan in kompanjy ynfantery fan 'e Republikeinske Garde, dy't ta taak hat om it Élysée (de residinsje fan 'e presidint fan Frankryk) te beskermjen en te befeiligjen. Fan 2010 oant 2014 stied er oan it haad fan 'e sjendarmerykompanjy fan Avranches, dy't diel útmakke fan 'e Departemintale Sjendarmery fan Manche. Yn 2015 begûn er in oplieding ekonomyske kriminology oan 'e École Européenne d'Intelligence Économique yn Versailles, dy't er yn 2016 mei goed gefolch ôfrûne. Yn datselde jier waard Beltrame befoardere ta luitenant-kolonel. Yn augustus 2017 waard er oansteld as adjunkt-kommandant fan 'e Departemintale Sjendarmery fan Aude.

Terroristyske oanslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 11 oere hinne, op 24 maart 2018 bestoarme in terrorist, dy't bewearde trou te wêzen oan ISIS, in supermerk yn Trèbes. Hy hie in pistoal, in jachtmes en trije selsmakke bommen by him. Hy skeat twa minsken dea en gizele oaren. De plysje ûnderhannelde oer it frijlitten fan de gizelders, en Beltrame bea oan om it plak fan de lêste, in frou, yn te nimmen. Hy sette syn mobile telefoan op in list mei de line iepen sadat de plysje bûtendoar meiharkje koe. Nei yn ympasse fan trije oeren stiek de terrorist op Beltrame yn en skeat er op him. GIGN-meiwurkers (Groupe d'Intervention de la Gendarmerie Nationale) reagearren om 14.40 uur mei in oanfal op de supermerk en deaden de oanfaller. Beltrame stoar de oaredeis yn it sikehûs. Ut de autopsy die bliken dat er stoarn wie oan stekwûnen yn de kiel.[1]

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beltrame kaam út in net-religieuze famylje, mar bekearde him doe't er 33 jier wie ta it katolike leauwe. Yn 2015 makket er in pylgerstocht nei de Basilyk fan Sainte-Anne d'Auray, dêr't er de Faam Marije freget om him te helpen de frou fan syn libben te moetsjen. Koarte tiid dêrnei moetet er de djip leauwige Marielle Vandenbunder. Yn augustus 2016 waard it boargerlik houlik sletten en yn juny 2018 soe it tsjerklik houlik sletten wurde yn de Basilyk fan Saints Nazarius en Celsus. Krekt foar de oanslach yn Trèbes makke Beltrame noch in pylgersreis nei Santiago de Compostela. Beltrame wie ek frijmitselder en krige ûnderskiedingen fan syn Grand Loge. Beltrame hie niget oan de skiednis fan Frankryk en kristlike woartels fan it lân.

Earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Presidint Macron kundigde al op 24 maart 2018 oan dat der in nasjonaal earbetoan brocht wurde soe oan oerste Beltrame. Minister fan Binnenlânske Saken Gérard Collomb spruts oer Beltrame syn dapperheid en heldhaftichheid. De Frânske flaggen en de findels fan de Sjendarmery en de Assemblée Nationale waarden healstôk hongen. De haadseremoanje wie op 28 maart yn Parys, op it binnenplein fan it Hôtel des Invalides. Yn it hiele lân waard healstoks flagge.
Beltrame waard op 27 maart 2018 postúm beneamd ta kommandeur yn it Légion d'Honneur en befoardere ta kolonel troch presidint Macron.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. dans l'Aude : le gendarme Arnaud Beltrame est mort poignardé au cou, 25 maart 2018