Arminiustsjerke (Rotterdam)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Arminiustsjerke

Arminiuskerk

Overzicht vanuit het westen - Rotterdam - 20420557 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Rotterdam wapen.svg Rotterdam
adres Museumpark
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1895-1897
arsjitekt H. Evers, J.P. Stok
boustyl Neostyl; Jugendstyl
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 513882 [1]
webside Side Remonstranten Rotterdam

De Arminiustsjerke yn it sintrum fan Rotterdam is it tsjerkegebou fan de remonstrantske gemeente. Tsjerke, oargel en konsistoarje binne oanwiisd as ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard tusken 1895 en 1897 boud en ferneamd nei de teolooch Jakobus Arminius.

Yn 1610 skieden de remonstranten harren ôf fan de Grifformearde Tsjerke. It wie foar in hiel skoft dêrnei foar remonstranten ferbean om yn it iepenbier tsjinsten te fieren. Sûnt 1632 hiene de remonstranten yn in eardere brouwerij in skûltsjerke oan de Vissersdijk. Ek nei de Frânske tiid, dy't foar de remonstranten frijheid fan godstsjinst brocht, bleau de gemeente gebrûk meitsjen fan harren skûltsjerke, dy't bûtendyksk stie. Pas nei't de tsjerke ferskate kearen ûnder wetter kaam te stean, waard der foar it earst yn 1879 oan nijbou tocht.

Oersjoch ynterieur

Yn 1883 wie der in ûntwerp foar in tsjerke mei likernôch 1500 plakken, mar it waard net útfierd. Nei in nije oerstreaming yn 1894 krigen Henri Evers (1855-1929), arsjitekt fan it stedhûs fan Rotterdam, en Jacobus Stok (1862-1942) de opdracht foar in nij ûntwerp. Stok wie yn tsjinst fan de tsjerke en Evers wie yn 1889 troud mei de dochter fan de dûmny. De gemeente hie de grûn fan de remonstrantske skûltsjerke nedich foar in útwreidingsplan fan de Beurs en troch it ruiljen fan grûn krige de remonstrantske gemeente yn 1895 in nij stik bougrûn oan de Westersingel.

Yn 1895 setten de tariedings foar de nijbou útein en yn 1897 waard de rest fan de tsjerke foltôge. Op 23 maaie 1897 koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurden en op 31 augustus 1898 waard it nije oargel ynwijd.

De tsjerke waard yn 1978 restaurearre.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is in fjouwerkante sintraalbou mei in hege toer op de súdeastlike hoeke. Oan de westlike en noardlike kant wurdt de tsjerke fan oangrinzgjende bebouwing ynsletten. Oant 1965 wie it plein oan de Westersingel mei in smei-izeren hekwurk tusken pylders fan bakstien ôffrede.

De tsjerke is boud yn reade bakstien mei in hurdstiennen plint en natoerstiennen dekoraasjes. De seal- en skylddaken binne dutsen mei pannen en laaien en hawwe in kaamfoarmige ôfwurking. De gevel oan de Westersingel is yn de puntgevel fersierd mei in dwerchgalerij.

Yn de bôge fan de tagong stiet de tekst Eenheid in het noodige, vrijheid in 't onzekere, in alles de liefde, oan wjerssiden fan de bôge binne byldhoude frouljusfigueren oanbrocht. Boppe it twadielige finster boppe de tagong is in mozaïek fan in ingel mei in iepenslaande Bibel en oan wjerskanten de wurden Geloof en Onderzoek. De hege toer lofts wurdt ôfsletten mei tuorkes op de hoeken en in achtsidige boppebou mei koepel. De rjochter toer is leech en ôfsletten fan in skylddak.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke is fan binnen in fjouwerkante sintraalbou mei in houten krúsferwulft op mitsele pylders en kolonetten op konsoles fan natoerstien. It muorrewurk is fan baksstien ôfwiksele fan natoerstiennen bannen yn de pylders en ûnder de ramen. De houten galerijen rêste op izeren pylders. Yn de sydromtes hingje brûzen ljochtkroanen. De tsjerke wurdt ferljochte troch glês-yn-leadramen mei fan L. de Contini. Hy makke ek de twa middelste ramen mei bibelske foarstellings foar de preekstoel oer. Yn de dekoraasjes is de ynfloed fan de Jugendstil te sjen, lykas yn it fykwurk fan de preekstoel, de ferljochting en de blommen yn de ramen.

Ek de tsjerkeriedskeamer en de hal oan de westlike kant binne foar it measte noch yn orizjinele steat.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1898 boud troch de firma Steenkuyl en Recourt. Oan it ynstrumint, dat oanspronklik 24 registers ferdield oer haadwurk, swelwurk en pedaal hie, waard yn de jierren 1930 en 1957 feroarings oanbrocht. By in restauraasje yn 2015-2016 troch Pels & Van Leeuwen waard it oarspronklike oargel as útgongspunt nommen, mei behâld fan letter tafoege weardefolle eleminten.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: