Springe nei ynhâld

Arjen Teeuwissen

Ut Wikipedy
Arjen Teeuwissen
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arjen Gerald Teeuwissen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 29 maart 1971
berteplak Molenhoek
stjerdatum 29 maaie 2024
stjerplak Zoersel flagge fan Belgje
sportive ynformaasje
sport Hynstesport
ûnderdiel Dressuer
earste titel 1999 NK Dressuer Nimwegen
O.S. Sydney 2000,
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 2000,
3x sulver EK 1999, 2001
1x brûns EK 2001
1x goud NK 1999

Arjen Gerald Teeuwissen (Molenhoek, 29 maart 1971 - Zoersel (Belgje) 29 maaie 2024) wie in Nederlânsk dressuerhynsterider.

Teeuwissen wûn as lid fan it dressuerteam op de Olympyske Simmerspullen yn 2000 (mei Ellen Bontje, Anky van Grunsven en Coby van Baalen) in sulveren medalje. Op de Europeeske kampioenskippen fan 1999 en 2001 wûn er yn totaal trije sulveren medaljes en in brûnzen.

Teeuwissen wenne sûnt 1998 yn Belgje, dêr't er trjitich jier lang in eigen dressuerstâl hie. Hy wie boaske mei in twastjerrekok, mei wa't er yn 'e hoareka wurke.

Arjen Teeuwissen ferstoar hommels op 29 maaie 2024, yn 'e aldens fan 53 jier.[1][2]

Olympyske Spullen
  • 2000 yn Sydney: sulveren medalje (team) mei Goliath
Europeeske kampioenskippen
  • 1999 yn Arnhim: sulveren medalje (team) mei Goliath
  • 1999 yn Arnhim: sulveren medalje mei Goliath
  • 2001 yn Verden: sulveren medalje (team) mei Goliath
  • 2001 yn Verden: brûnzen medalje mei Goliath

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: