Arend Glas
Arend Glas | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Arend Dirk Glas | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 oktober 1968 | |
berteplak | De Jouwer | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | Bobslydzjen | |
O.S. | Salt Lake City 2002, Turyn 2006 | |
debút | 1992 | |
karriêre-ein | 2006 |
Arend Dirk Glas (De Jouwer, 29 oktober 1968) is in Fryske bobslider.
Arend Glas makke yn 1992 syn earste ôfdaling yn in bobslide yn Igls (stedsdiel fan Innsbruck). Nei twa jier in soad ôfdalings makke te hawwen en treend te hawwen bliek Glas in goede stjoerder te wêzen. Dêrby is hy ûndanks syn lette begjinnen mei de sport en gjin ûnderfining yn de atletyk tige eksplosyf, wat goed fan pas komt yn dizze sport.
Glas is de captain fan syn team en is sawol yn de twamansbob as yn de fjouwermansbob aktyf. As captain is hy ek oan ien tried wei dwaande mei it scouten fan potintsjele bobsliders, om it nivo yn Nederlân fierder omheech te bringen.
By de Olympyske Winterspullen 2002 yn Salt Lake City die Glas foar it earst mei syn team mei oan de Olympyske Spullen. Meidwaan wie doe belangriker as winnen en hy einige dan ek op it 16e plak mei de twamansbob en as 17e mei de fjouwermansbob. Mei wat muoite kwalifisearre it team him ek foar de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn.
Yn Turijn starte Glas yn de twamansbob mei Sybren Jansma, wylst hy tegarre mei Jansma, Vincent Kortbeek en Arno Klaassen yn de fjouwermansbob stapte. Cesar Gonzalez gie mei nei Turijn as stand-in. Yn de twamansbob rekken Glas en Jansma nei fjouwer runs op in teloarstellende 19e plak. De fjouwermansbob like yn it earstoan foar in folle bettere prestaasje te soargjen, mar it 12e plak nei de earste run koe net fêstholden wurde, wêrtroch't se útkamen op in 16e posysje.
Arend Glas kaam bûten de bobslydbaan yn de publisiteit fanwege ûndersteld lidmaatskip fan de CP'86. Anty-faksistenorganisaasje Kafka makke yn 1998 it lidmaatskip fan Glas bekend. Alhoewol't Glas al fan jongs ôf oan (mooglik fan syn santjinde, seker nei syn 25e) lid wie fan de CP'86, spile Glas gjin belangrike rol yn de partij. Letter naam Glas ôfstân fan de politike ideeën fan ekstreem rjochts.
Glas is drs. bedriuwsekonomy en manager fan Bobsleigh Support & Bobstart. Yn 2021 ferstoar Glas syn frou Bea oan de gefolgen fan boarstkanker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|