Apûlje
Apûlje Puglia | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Bari |
Oerflakte | 19.540,9 km² |
Befolking | 3.880.547 (30.06.2024) |
Befolkingstichtens | 198,59 ynw./km² |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Calvo: 1050 m |
Oantal gemeenten | 257 |
Provinsjes | Bari, Barletta-Andria-Trani, Brindisi, Foggia, Lecce, Tarente |
Apûlje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, oprjochte yn 1861. Apûlje omfettet de hakke fan de Lears fan Itaalje en it gebiet by de kust lâns noardwestlik dêrfan. It leit oan 'e Adriatyske See, de Strjitte fan Otranto en de Ioanyske See (ûnder oare Golf fan Tarente). Apûlje is de eastlikste regio fan Itaalje. De haadstêd is Bari.
Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apûlje wurde fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.
Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peschici en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lecce, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Súdwest fan Bari leit Alberobello mei syn bysûndere trulli. Dy wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dat plak in soad bekendheid jûn.
It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge, is rûch, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisi is it tichtst befolke diel fan Apûlje en tige yndustrialisearre.
Provinsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De regio bestiet út de metropolitane stêd Bari en fiif oare provinsjes:
kaart | wapen | provinsje | ôfk. | haadstêd | oantal gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Bari | BA | Bari | 41 | ||
Barletta-Andria-Trani | BT | Barletta-Andria-Trani | 10 | ||
Brindisi | BR | Brindisi | 20 | ||
Foggia | FG | Foggia | 61 | ||
Lecce | LE | Lecce | 96 | ||
Tarente | TA | Tarente | 29 |
Gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Understeande tabel jout de gemeenten mei in befolking fan mear as 40.000 ynwenners wer (Sifers ISTAT / 01.01.2015). Haadstêden fan provinsjes wurde mei fette letters wjerjûn.
# | Wapen | Gemeente | Provinsje | Ynwennertal | Oerflak (km²) |
Befolkingstichtens (ynw./km²) |
Hichte (m boppe seenivo) |
---|---|---|---|---|---|---|---|
1 | Bari | Bari | 316.245 | 117,39 | 2.736,37 | 5 | |
2 | Taranto | Taranto | 189.355 | 249,86 | 798,69 | 15 | |
3 | Foggia | Foggia | 146.563 | 509,26 | 296,73 | 76 | |
4 | Andria | Barletta-Andria-Trani | 97.192 | 402,89 | 247,38 | 151 | |
5 | Lecce | Lecce | 95.273 | 238,93 | 399,06 | 49 | |
6 | Barletta | Barletta-Andria-Trani | 92.515 | 149,35 | 633,05 | 15 | |
7 | Brindisi | Brindisi | 83.269 | 332,98 | 260,71 | 15 | |
8 | Altamura | Bari | 70.355 | 431,38 | 164,07 | 467 | |
9 | Molfetta | Bari | 57.587 | 58,97 | 1 007,6 | 15 | |
10 | Cerignola | Foggia | 57.080 | 593,93 | 98,74 | 120 | |
11 | Trani | Barletta-Andria-Trani | 54.876 | 103,41 | 539,99 | 7 | |
12 | - | Manfredonia | Foggia | 54.433 | 354,54 | 160,58 | 5 |
13 | Bisceglie | Barletta-Andria-Trani | 54.214 | 69,25 | 869,7 | 16 | |
14 | Bitonto | Bari | 53.585 | 174,34 | 317,31 | 118 | |
15 | - | San Severo | Foggia | 49.899 | 336,31 | 156,02 | 86 |
16 | Monopoli | Bari | 47.789 | 157,89 | 309,37 | 9 | |
17 | Martina Franca | Taranto | 47.191 | 298,72 | 162,9 | 431 | |
18 | Corato | Bari | 47.137 | 169,35 | 284,87 | 232 | |
19 | - | Gravina in Puglia | Bari | 42.564 | 384,73 | 113,78 | 385 |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Nasjonaal park Alta Murgia
-
Castel del Monte.
-
Gargano.
-
Monopoli.
-
Kust by Lecce.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Apûlje fan Wikimedia Commons. |
Regio's fan Itaalje | ||
---|---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje | ||
· · |