Springe nei ynhâld

Anthonis Mor fan Dashorst

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anton Mor)
Selsportret

Anthonis Mor van Dashorst, ek Anthonie, Anthonis, Ant(h)onius, Antoon Mor as Antonius Mor, (Utert, ± 1517 - Antwerpen, 1575), wie in portretskilder.

Hy waard berne oan de Utertske Oudegracht as soan fan in wolferver. Hy krige ûnderrjocht fan de ferneamde kanunnik Jan van Scorel. Mear as tritich jier wie hy de meast wurdearre portretskilder oan it keizerlik hof yn Brussel en waard er fergelike mei de grutte Feneetsjaanske skilder Titiaan.

Yn opdracht fan keizer Karel V reizge de 'Flaamske Titiaan' ûnder mear nei Genua, Rome, Madrid en Lissabon om portretten te skilderjen fan de keizerlike famyljeleden yn harren djoere paleizen. Nei eltse aventoerlik reis kaam Mor werom by syn frou en bern yn Utert.

Koart foar syn troanôfstân liet keizer Karel V Antonius Mor yn Brussel by him komme en frege him in portret te skilderjen fan keningin Mary Tudor (Bloody Mary), dat no by de topstikken fan Museum del Prado yn Madrid heart.

Mor - ynternasjonaal bekend as Antonio Moro - slagge der yn om mei syn pinsiel it karakter fan de modellen nei foaren te bringen. Syn werjefte sûnder genede fan it antlit fan de wrede hartoch fan Alva of dat fan de sletten prins Willem fan Oranje binne dêr foarbylden fan. Thera Coppens skreau oer him de roman "Antonius Mor hofschilder van Karel V".

  • Frerichs, L.C.J. Antonio Moro. Amsterdam 1947.
  • Friedländer, Max J. Die Altniederländische Malerei. Anthonis Mor und seie Zeitgenossen. Leien 1936.
  • Groeneveld, E.E.H. ‘Een herziene biografie van Anthonis Mor’ yn Jaarboek van het koninklijk museum van schone kunsten Antwerpen. Antwerpen 1981
  • Hymans, Henri. Antonio Moro. Son oeuvre et son temps. Brussel, 1910.
  • Loga, Valerian von. ‘Antonis Mor als hofmaler Karls V. and Philipps II’. Jahrbuch de kunsthistorischen Sammlungen de alleröchsten kaiserhausen. Band XXVII, heft 3. Wenen, 1908.
  • Mander, Carel van. Het schilder-boeck, waer in voor eerst de leerlustighe jueght den grondt der edel vry schilderconst in verscheyden deelen wort voorghedraghen. Haarlim, 1604.
  • Marlier, Georges. Anthonis Mor van Dashorst (Antonio Moro). Brussel, 1934.
  • Woodall, Joanna. Anthonis Mor. Art and Authority. Swol, 2007.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: