Anouska Koster
Anouska Koster | ||
sporter | ||
Anouska Koster (2020) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anouska Helena Koster | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 20 augustus 1993 | |
berteplak | De Westereen | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 1.65 m | |
gewicht | 57 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 2011 |
Anouska Helena Koster (De Westereen, 20 augustus 1993) is in Frysk hurdfytster.
Yn 2011 waard Koster 23e op it WK op de dyk foar junioaren yn it Deenske Kopenhagen. Se waard 7e by it NK tiidriden yn 2012 by de elite. Yn 2013 wûn se it Nederlânsk kampioenskip foar studinten.
Yn 2014 en 2015 waard se 5e en 4e op it EK op de dyk foar beloften. Yn 2016 waard se Nederlânsk kampioen op de dyk troch it peloton foar te bliuwen en meiflechtster Janneke Ensing te ferslaan yn de sprint op de Brouwersdaam op Goeree-Oerflakkee. Yn 2017 wist se har titel net te ferdigenjen, mar stie se mei in twadde plak wol wer op it poadium. Yn dat jier wûn se in etappe en it punteklassemint yn de Tsjechyske wedstriid Gracia Orlová en wûn se op de Muorre fan Geraardsbergen de slotrit en dêrmei tagelyk it einklassemint fan de Omgong fan Belgje.
Yn 2019 wûn Koster in etappe yn de Tour de l'Ardèche. Yn 2020 stie se op 'e nij op it poadium fan it Nederlânsk kampioenskip; diskear wûn se brûns. Yn de Simac Ladies Tour 2021 wûn se de boltsjestrui fan it berchklassemint.
Yn 2023 starte se as kopfrou fan de UNO-X ploech yn de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Frankryk.[1]
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2012 - Dolmans-Boels
- 2013-2014 - Futurumshop.nl
- 2015-2016 - Rabo Liv Women
- 2017 - WM3
- 2018 - WaowDeals
- 2019 - Virtu Cycling Women
- 2020 - Parkhotel Valkenburg
- 2021-2022 - Jumbo-Visma
- 2023-no - Uno-X
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|