Anno Galama
Anno Galama | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anno Galama | |
wurkpaad | ||
ynstrumint | gitaar |
Anno Galama is in Fryske gitaarbouwer. As gitarist spile hy ûnder de namme QZ Anno.
Ta syn klanten hearden de gitaristen Jan Akkerman en Lex Bolderdijk. Troch syn swakke sûnens boude er mar ûngefear 220 gitaren fan midden jierren 70 oant begjin jierren 80. Syn gitaren binne licht fan gewicht omdat lichem en hals makke binne fan seder, soms kombinearre mei in eskdoarn top of efterkant. Yn guon televyzjeprogramma's yn Europa lei Anno út wêrom’t syn gitaren sa goed klinke. Benammen yn Skandinaavje waarden in soad fan syn gitaren ferkocht.
Gitaarbouwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Galama studearre in tal jierren Filosofy en Psychology yn Grins. Dêrnei naam er in pear jier de buorkerij op Haskerdiken fan syn heit oer en wurke in skoft as boskarbeider yn Twinte. Hy learde wyls gitaarspyljen, mar it gie him mear om de sfear as om de muzikale prestaasjes. Galama hie in fassinaasje foar lûd en hy begûn dêrom sels oan de gitaren te pielen. Earst mei syn eigen gitaren, letter mei gitaren fan oaren dy’t by him kamen foar reparaasje of oanpassing fan harren gitaar. Sûnder foaroplieding en ferdjipjen yn de fakliteratuer, mar troch it personalisearjen fan gitaren waard er geandewei in sels-makke fakman. Galama fûn dat 'eltsenien' in gitaar bouwe koe, mar dat net iderien der ien gearstalle koe. It bouwen wie foar him in passy en in ‘yntuïtyf’ proses. Hy hie it talint om in goede kombinaasje fan hout, bouwize, elektroanika en minske meitsje te kinnen. [1]
Gefoelich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anno is troch de praktyk foarme. As hy wat witte woe, woe er dat net fan in oar leare. Dan wie er leafst allinnich, omdat er him dan better konsintrearje koe. Hy socht eigen oplossingen, eigen ideeën, út eigen ynspiraasje, faak ta de nacht út. Gitaarbouwen wie foar him foar in grut part gefoelssmjittich. As hy mei in gitarist praatte, kaam er oan de weet hokker ynstrumint oft dy nedich hie, en hokker toan en lûd it bêste harmonearje soe. Galama begûn mei de ‘klassike’ modellen te bouwen omdat it publyk dat fan him frege. It wiene benammen ‘solid body’ dus massyf houten gitaren en basgitaren: de Telecaster, Stratocaster, P-Bass, Jazz Bass, Firebird en Les Paul. It bleau yn it earstoan by neimeitsjen fan bekende gitaarfoarmen. Letter ûntwurp er syn eigen modellen. Sa feroare hy de hoeke fan de hals en de kop oangeande de body by syn gitaren. Ek rûn by syn gitaren de hals altyd troch en waard dus nea ofte ninter skroeve. Dat makke de gitaar gefoeliger foar hoe’t hy oanslein waard. It gie him om de kombinaasje tusken hout en elemint dy’t ta subtiliteit liede moast. De kombinaasje fan de ferskillende houtsoarten foar in gitaar wiene fan essinsjeel belang foar it krijen fan krekt dàt lûd dêr’t hy fan wist dat it by de klant passe soe.
Houtsoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elke houtsoarte hat syn eigen klank, syn eigen trilling en syn eigen sfear. As ‘houtfreak’ fûn Galama it geweldich om moai hout út te sykjen, en om dat te seagjen en te bewurkjen op de flakbank. Hout libbe foar him en wie alle kearen oars. It gie him minder om it ambachtlike fan it plakken en lymjen, mar om it aksinten jaan yn klank en klankkleur. It spannende momint foar him wie as er de snaren op de gitaar spanne koe en oft it dan klinke soe sa’t er dat hope hie.
Mei soarch selektearre hy de alderbêste kwaliteiten hout foar syn gitaren. Wylst doe benammen eskdoarn- en mahoanjehout brûkt waard, ûndersocht hy de mooglikheden fan tropyske houtsoarten. It lichte Kolombiaanske sederhout blykte in trilling goed te ferpleatsen en joech in libbene toan en wie tige stabyl. De top fan de gitaar makke Galama fan houtsoarten lykas Braziliaansk rosewood. Meastal hiene syn gitaren in aparte top en ûnderside: fan rio palissander, Indysk palissander, flamme eskdoarn, bubinga, coromandel, en noch in soad oare. Uteinlik wiene der gjin twa gitaren hielendal lyk. Ein njoggentiger jierren waard yn Amearika it brûken fan seder útroppen ta ien fan de bêste fjouwer útfinings fan de iuw oangeande de elektryske gitaar. Syn úteinlike doel wie dat syn ‘custom made’ gitaar de gitarist ynspirearje soe yn syn eigen ekspresje, om sa ta noch gruttere muzikale prestaasjes te kommen.
Yn de njoggentiger jierren waard syn kostbere foarrie tropysk hout stellen. De dieven waarden nea oppakt.[2]
Galama luts him werom út de gitaarbou, mar dûkte noch faak op yn Nederlânske gitaarshows om mei fans oer syn ynstruminten te praten.
Nei in jierrenlange perioade fan stilte begûn Galama yn 2007 mei de produksje fan in limited edition rige elektryske gitaren.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|