Anne Huitema

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Anne Huitema (Langsweagen, 9 augustus 1941) is in byldzjend keunstner (tekener, grafikus) út Soestdyk. Hy krige syn oplieding oan de Akademy Minerva yn Grins. Hy makke syn debút yn 1964 mei in útstalling yn keunstseal Van Hulzen yn Ljouwert. Hy is ynskreaun by it 'Boun fan Fryske Kunstners' en ek lid fan 'Beeldende Kunst NU' yn Grins.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al rillegau waard Huitema it meast boeid troch it etsen en makke er foaral kleuretsen. Hy is altyd ynspirearre wurden troch it (Fryske) lânskip, natuer en arsjitektuer. Fan ein 60-er jierren ôf wurde syn komposysjes komplekser en wurdt it wurk grutter. Yn syn wurk sjocht men faken stilearre plattegrûnen, boutekenings of kaarten werom, mei twa-diminsjonale arsjitektoanyske eleminten dêryn, faak mei dimmen, ierdsk, waarm kleurgebrûk. It wurk hat dêrby ek ienfâldichwei dekorative kwaliteiten.

Makke yn 1972 in skoalprint yn opdracht fan it Ministearje fan CRM en yn 1973, yn opdracht fan it deiblêd NRC-Hannelsblêd de print fan de moanne. Wurk fan him waard oankocht troch it Ryk, de provinsje Fryslân en meardere gemeentes.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: