Annamarie Thomas
Annamarie Thomas | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 15 septimber 1971 | |
berteplak | Emmeloard | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Lillehammer 1994, Nagano 1998, Salt Lake City 2002 | |
debút | 1990 | |
karriêre-ein | 2006 | |
wichtige prestaasjes | ||
Wrâldkampioen 1000 meter (1996) |
Annamarie Thomas (Emmeloard, 15 septimber 1971) is in eardere Nederlânske reedrydster, dy't spesjalisearre wie op de 1500 meter. Oan it begjin fan har karriêre hat hja ek knappe allround prestaasjes levere. Nei de NK Sprint 2006 besleat se har karriêre te beëinigjen. Op 8 jannewaris 2006 einige se op in achtste plak yn it algemien klassemint.
Yn de simmer en hjerst fan 2006 docht se mei oan de iisdûns-kompetysje fan SBS 6 Sterren Dansen op het IJs. Op 7 oktober 2006 ferlear Annamarie de skate-off fan Maud, mei mar in heal prosint ferskil.
Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Wrâldkampioen 1000 meter yn 1996 (Hamar)
- Nederlânsk Kampioen allround yn 1994 (Den Haach), 1995 (Assen) en 1996 (Den Haach)
- Nederlânsk Kampioen sprint yn 1995 (Alkmar) en 1996 (Assen)
- Twadde plak EK allround yn 1995 (It Hearrenfean) en 1996 (It Hearrenfean)
- Tredde plak EK allround yn 1999 (It Hearrenfean)
- Tredde plak WK allround yn 1995 (Savalen)
Wrâldrekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nr. | Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|---|
1 | mini fjouwerkamp | 163,901 | 23 maart 1996 | Calgary |
2 | 1500 m | 1.55,50 | 20 maart 1999 | Calgary |
3 | mini fjouwerkamp | 158,183 | 21 maart 1999 | Calgary |