Anna Gimbrère
Anna Gimbrère | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Anna Gimbrère yn 2014 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 6 jannewaris 1986 | |
berteplak | Utert | |
etnisiteit | Nederlânsk Frânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Wittenskipssjoernalist | |
medium | telefyzje | |
bekend fan | saakkundige yn telefyzjeprogrammas (sjoch tekst) | |
jierren aktyf | 2014-no | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Anna Gimbrère (Utert, 6 jannewaris 1986) is in Nederlânsk wittenskipssjoernalist en presintatrise.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gimbrère is fan Frânsk komôf en stammet út in geslacht fan paraplumakkers.[1] Se trochrûn de middelbere skoalle yn Swol en studearre teoretyske natuerkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Hja wurke ek as model. [2] Nei har stúdzje waard se wittenskipssjoernalist en fungearre as redakteur of saakkundige by telefyzjeprogramma's lykas de Nationale Wetenschapsquiz (2015), Galileo (2016), Tijd voor MAX (2017) en Experimensen (2019). Yn 2018 wie se kandidaat yn De Slimste Mens.
Se presintearre yn 2017 Oranje boven, Down Under en yn 2019 De wilde ruimte. [3] Troch de Volkskrant waard se útroppen ta mediatalint fan 2019. [4] Yn 2020 begûn se foar KRO-NCRV mei de presintaasje fan it sjoernalistike programma De Monitor dat yn jannewaris 2021 gearfoege waard mei Pointer.
Hja hat in relaasje mei sjoernalist en presintator Herman van der Zandt.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nationale Wetenschapsquiz (2015)
- Galileo (RTL 5) (2016)
- Oranje boven, Down Under (2017) - duopresintaasje mei Herman van der Zandt
- Tijd voor MAX (2017) - saakkundige
- What's the Right Thing to Do? (dokumintêrerige) (2017)
- De Slimste Mens (2018) - kandidaat
- Bright (2019-no) - presintaasje mei ferskate oare prisintators
- Experimensen (2019-2020) - saakkundige
- The Future Is Bright (2019-no) - duopresintaasje mei Eric Bouwman
- De Wereld Draait Door (2019) - tafeldame
- De wilde ruimte (2019) - presintaasje
- Bodem in zicht (2020) - duopresintaasje mei Eva Cleven
- De Monitor (2020) - duopresintaasje mei Teun van de Keuken
- Pointer (2021-no) - duopresintaasje mei Teun van de Keuken
- Tik ‘m aan (2021) - sjuerylid
- Anna's brains (2021) - presintaasje
- De Grote Klimaatkwis (2021) - saakkundige
- Wie is de Mol? (2024) - meidogger (De Mol)
- Beat the Champions (2024) - Champions
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hartenstrijd (2016) - Dame yn park
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|