Springe nei ynhâld

Anna Dorothea Therbusch

Ut Wikipedy
Anna Dorothea Therbusch
keunstner
Selsportret mei monôkle (1777)
Selsportret mei monôkle (1777)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anna Dorothea Lisiewska-Therbusch
nasjonaliteit Prusysk
berne 23 july 1721
stoarn 9 novimber 1782 (61 jier)
wurkpaad
wurksum as Skilder
streaming Rokoko
bekendste
  wurk(en)
Portretten
offisjele webside
RKD-profyl

Anna Dorothea Therbusch (Berlyn, 23 july 1721 - dêre, 9 novimber 1782) wie in Poalsk-Dútske keunstskilderes. Har wurk beheart ta de rokoko. Der binne sa'n 200 wurken fan har bewarre bleaun en der wurde teminsten 85 portretten oan har taskreaun.[1]

Anna Dorothea Therbusch wie in dochter fan Georg Lisiewski (1674-1750) en Maria Elisabetha Kahlow. Lisiewski, dy't fan Poalske komôf wie. Hy wie om 1700 nei Berlyn ferhuze en waard dêr portretskilder. Anna Dorothea, har suster Anna Rosina en har broer Christoph krigen ûnderrjocht yn de skilderkeunst fan harren heit. Anna Dorothea en Anna Rosina waarden mei joechei begroete as Wunderkinder fan de skilderkeunst.

Yn 1742 troude Anna Dorothea mei Ernst Friedrich Therbusch (1711 -1773), herbergier fan de Weissen Taube yn Berlyn. Anna Dorothea en Ernst Friedrich krigen sân bern, fan wa't der fiif oerlibben. Fanwegen de soarch foar de húshâlding en de ferwachtings dy gouwen foar in frou út de begoedige boargerij kaam Anna Dorothea amper oan skilderjen ta. Dochs wist se troch middel fan selsstúdzje har styl fierder te ûntwikkeljen.

Earst yn 1760 pakte Therbusch it skilderjen wer op. In jier letter waard se troch hartoch Karel Eugenius fan Württemberg útnûge om oan syn hof yn Stuttgart te kommen. Yn opdracht fan de hartoch skilderde se achtjin supraportes foar de spegelseal fan it Kastiel fan Stuttgart. It slagge Therbusch ek om oan de akademy yn Stuttgart te studearjen. Yn 1763 wurke se in skoft oan it hof fan karfoarst Karel Theodoor fan de Palts yn Mannheim. Under har ferbliuw yn Parys wie Therbusch in beskermeling fan Denis Diderot dy't ek neaken foar har posearre.[2]

Tsjin de ein fan har libben hie hja in soad ûnderskiedingen krigen út Berlyn, Stuttgart en Mannheim. Hja krige dêr tige lukrative opdrachten foar har wurken. Op it lêst krige se keninklike beskerming, nei in protte yntroduksjebrieven fan har beskermhearen yn Parys, Italië, Dútslân en Prusen.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artnet.com, sjoen 21 july 2009
  2. Stefan Bollmannm Vrouwen die lezen zijn nog steeds gevaarlijk. Siden 24-25, ISBN 978-90-8964-375-9
  3. Fort, B (2004). "Indicting the Woman Artist: Diderot, Le Libertin, and Anna Dorothea Therbusch". Lumen: Selected Proceedings from the Canadian Society for Eighteenth-Century Studies. 23: 1–37