Anita Looper
Anita Giusti-Looper | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 21 oktober 1975 | |
berteplak | Aldeberkeap | |
lingte | 1,68 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Atletyk | |
ûnderdiel | Lange ôfstannen | |
trener | Arend Karenbeld, Eddy Kiemel | |
earste titel | Ned. kampioene fjilddraven 2004 | |
ekstra | Trijefâldich Ned. kampioene 5000 m en ienris Ned. kampioene fjilddraven |
Anita Giusti-Looper (Aldeberkeap, 21 oktober 1975) is in Nederlânsk atlete dy’t spesjalisearre is yn lange ôfstannen. Se is trije kear Nederlânsk kampioen op de 5.000 meter wurden en Nederlânsk kampioene fjilddrave.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Looper begûn doe’t se 22 jier wie mei atletyk by AV’55 op It Hearrenfean. Yn septimber 1998 gie se yn Grins trenen ûnder lieding fan Arend Karenbeld. Om haksine klachten koe se yn 1999 net folle wedstriden rinne. Yn 2000 gie se foar in jier nei Teksas yn de Feriene Steaten.
Yn 2002 helle se it twadde plak op it Nederlânsk Kampioenskip 10.000 meter en 5.000 meter. Yn 2003 hie Looper te krijen mei in skuorke yn de haksine, dy’t se oprûn hie mei it fjilddraven. Nei it herstel waard se de beste Nederlânske op de 4 Myl fan Grins en helle in 67e plak op it WK fjilddraven yn Brussel.
Yn 2004 waard se Nederlânsk kampioene op de 5.000 meter en ferhuze Looper mei har Australyske freon Paul Giusti, mei wa't se no troud is, nei New York. Yn de simmer fan 2005 kaam se werom nei Nederlân en waard se wer nasjonaal kampioen op de 5.000 meter.
Nei in sulveren medalje op de 10.000 meter en nei it weromkommen fan de haksine klachten stoppe Looper mei topsport yn 2006.
Prestaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kampioenskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004 Nederlânsk Kampioen 5.000 meter
- 2004 Nederlânsk Kampioen fjilddrave (lange ôfstân)
- 2005 Nederlânsk Kampioen 5.000 meter
- 2006 Nederlânsk Kampioen 5.000 meter
Persoanlike rekords
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Underdiel | Prestaasje | Datum | Plak |
---|---|---|---|
800 m | 2.12,10 | 12 maaie 1999 | It Hearrenfean |
1.000 m | 2.51,25 | 4 maaie 2002 | Lisse |
1.500 m | 4.20,33 | 16 july 2006 | Gent |
1 Ing. mijl | 4.59,47 | 13 septimber 1998 | Hilfertsom |
3.000 m | 9.15,29 | 20 maaie 2004 | Vught |
5.000 m | 15.53,89 | 31 maaie 2004 | Hengelo |
10.000 m | 33.38,29 | 25 maaie 2006 | Vught |
Oere rin | 15.878 m | 8 april 2000 | Drachten |