Springe nei ynhâld

Anfesia Shapsnikoff

Ut Wikipedy
Anfesia Shapsnikoff
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anfesia Shapsnikoff
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 oktober 1901
berteplak Atka (Alaska)
stoarn 15 jannewaris 1973
stjerplak Unalaska (Alaska)
etnisiteit Aleoetysk
wurkpaad
berop/amt ferpleechster
aktyf as kuorkster, leararesse
jierren aktyf ±19201973

Anfesia Shapsnikoff (Atka (Alaska), 1 oktober 1901Unalaska (Alaska), 15 jannewaris 1973) wie in Amerikaansk ferpleechster en aktiviste fan Aleoetysk etnysk komôf. Hja ûntjoech har ta in foarfjochtster fan 'e Aleoetyske kultuer yn Alaska en rêde it hast útstoarne ambacht fan 'e tradisjonele Aleoetyske kuorkerij fan 'e ferjitnis.

Shapsnikoff waard yn 1901 berne yn it doarp Atka, op it eilân mei deselde namme dat diel útmakket fan 'e arsjipel fan 'e Aleoeten, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska. Se wie ferpleechster fan berop, mar waard benammen bekend troch har aktiviteiten as kuorkster, wêrby't se de hast ferlern giene tradisjonele Aleoetyske keunst fan it meitsjen fan kuorren fan weve gers fan 'e ferjitnis rêde. Yn 'e twadde helte fan har libben fleach se nei in grut tal plakken yn hiel súdwestlik Alaska ta om 'e pleatslike bern dat ambacht by te bringen.

Dêrnjonken wie Shapsnikoff aktyf yn bestjoeren fan in ferskaat oan organisaasjes dy't mei de Aleoetyske kultuer te krijen hiene. Hoewol't se lyts fan stal wie, koe se raar guod spuie en nuver fan har ôfbite as se wat ûntdiek dat har net befoel, en de wize dy't bûtensteanders hiene om oer de Aleoetyske skiednis en kultuer te skriuwen befoel har gauris net. Shapsnikoff stoar yn 1973, yn 'e âlderdom fan 72 jier, en waard begroeven te Unalaska.

Yn 2000 beneamde it Steatskongres fan Alaska har ta in 'Aleoetyske tradysjedrager' (Aleut Tradition Bearer), dy't bydroegen hie oan 'e skiednis en it wolwêzen fan alle Alaskanen. Mei har krewearjen hat Shapsnikoff yn 'e Aleoetyske mienskippen fan súdwestlik Alaska in ynfloed hân dy't oant op 'e dei fan hjoed merkber is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.