Springe nei ynhâld

Andréastsjerke (Katwyk oan See)

Ut Wikipedy
Alde Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Katwyk oan See
adres Boulevard 109
koördinaten 52° 12' N 4° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Herfoarme gemeente)
patroanhillige Apostel Andréas
Arsjitektuer
boujier 1461
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 23535 (tsjerke)
23536 (toer)
Webside
Herfoarme gemeente Katwyk
Kaart
Andréastsjerke (Súd-Hollân)
Andréastsjerke

De Andréas- of Alde Tsjerke (Oude Kerk) is in protestanske tsjerke oan 'e Boulevard fan Katwyk oan See. De tsjerklike gemeente is Nederlânsk-herfoarme en oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân. Foar de reformaasje wie de tsjerke wijd oan de apostel Andréas. Fanwegen de kleur krige de tsjerke yn de folksmûle ek de namme Wite Tsjerke (Witte Kerk) It gebou hat 1400 sitplakken.

Doe't Katwyk oan See yn 1460 in selsstannige parochy waard, fûn de bou fan de tsjerke as in trijeskippige krústsjerke plak. De tsjerke, yn 'e katolike tiid wijd oan de apostel Andréas, waard op 5 april en 24 maaie 1571 plondere troch de wettergeuzen. Ien fan har, Jacob fan Billeken, waard op 23 of 24 juny finzen nommen, útheard en ophongen yn de dunen fan Katwyk. Letter, mei it Belis fan Leien, waard it tek en it boppeste diel fan de muorren fan 'e tsjerke fernield. Nei alle gedachten waard it súdlike sydskip tusken 1580 en 1590 wer opboud. De klok stamt út 1594.

De tsjerke yn 1643 foar de útwreiding yn 1709 mei it ferfallen koer.

Yn 1709 waard de tsjerke útwreide mei in noardlik sydskip. Sûnt 1791 wiene der gjin beïerdigingen mear yn de tsjerke. Yn dat jier waard in nij tsjerkhôf eastlik fan it doarp yn gebrûk nommen.

Oant 1836 hie de tsjerke in toer mei in spits, mar troch de stoarm fan 29 novimber waard dy sa bot skeind, dat ôfbraak needsaaklik waard. Yn stee dêrfan krige de toer in achtkante koepel as ôfsluting.

Mei de bou fan de Nije Tsjerke oan 'e Foarstrjitte yn 1887 waard de Alde Tsjerke yn 1890 ferkocht foar 6000 gûne. Oant 1921 die de eardere tsjerke tsjinst as skuorre fan 'e N.V. Rederij Katwijk, dy't eigner wie fan in tal skûten. Ek waarden der sâlt en saken foar skippen opslein yn it gebou en fiksnetten reparearre. Yn 1921 kocht de tsjerklike gemeente it gebou foar 45.000 gûne werom. De foltôging fan 'e ferbouwing om it gebou wer as tsjerke geskikt te meitsjen wie op 27 febrewaris 1924.

De tsjerke sûnder it boppediel fan de toer.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich joech de Ortskommandant opdracht om yn it ramt fan 'e oanlis fan 'e Atlantikwall de tsjerke lykas de hûzen oan de boulevard ôf te brekken. In tûke oannimmer wist lykwols de tsjerke te sparjen; hy briek allinne de toer oant it dak ôf en dêrmei beskôge er it wurk as dien. It ynterieur en it oargel wiene al earder yn feiligens brocht. De toer waard yn 1952 wer opboud, mar net folslein yn 'e selde styl as foarhinne.

It ynterieur en it eksterieur ûndergyngen sûnt 2009 in renovaasje. Dat wie benammen nedich fanwegen de sâltfoarming yn it muorrewurk. Nei de ferwidering fan 'e wite farve krige de tsjerke in behanneling mei kalkpleister. Sadwaande is de tsjerke net mear wyt, mar ljochtgriis.[1]

Foar de tsjerke stiet it stânbyld de "Fiskerswiddo mei Soan" fan Louis van der Noordaa. It monumint waard oprjochte ta oantins fan fiskers út Katwyk oan See, dy't yn de Earste Wrâldkriich troch seeminen omkamen.

It oargel fan 'e Andréastsjerke is yn 1995 boud troch de firma J.L. van den Heuvel út Doardt. It front fan it oargel stamt lykwols noch fan 1923.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Andreaskerk (Katwijk)