Andringahûs (Oksekop)

Ut Wikipedy

It Andringahûs stiet oan de Oksekop 13 yn Ljouwert en is boud tusken 1500-1550. Yn 1595 ferkocht mr. Focco Rommarts, riedshear ordinaris yn it Hof fan Fryslân, syn hûs en steed by “de oude Blockhuysterpijp”: “hebbende de Herevaart ten oosten en zuiden en Mr. Eco Isbrandi ten noorden”. Dat hûs, Oksekop 11, waard kocht troch Rombartus fan Ulenburg, de skoanheit fan de skilder Rembrandt van Rijn. Wa't de keaper wie is ûnbekend. It hûs dat letter de namme "De Olde Signorie" krige is boud yn neoklassisistysk oansjen en hat antike ynterieurdielen út de 15e oant 20e iuw. De lêste restauraasje wie yn in 1995.

It hûs waard boud yn de 15e iuw foar de lânadel. Dêrnei wennen der boargemasters fan Ljouwert yn, lykas W.J. van Welderen baron Rengers. Ek de abbekatetwilling Bruorren Anker hie har kantoar yn it Andringahûs.

Yndieling

De kelders binne ek fan bûtenôf te betreden. Efter de foardoar sit in hal mei etst glês, dêrefter de gong mei moarmeren flierplaten dy't it gebou yn twa helten ferdield. Yn de grutte linker salon sit in skou mei antike estrikken en in serre-eftige oanbou. De linker wurkkeamer wie eartiids de koken.
Oan de rjochterkant sitte twa salons mei stúkte plafonds en moarmeren skoarstienmantels. Yn de meast eastlike sit noch in âlde boekekastewand; in iken tuskenhal ferbynt de beide salons.

Op de earste ferdjipping sitte in stylkeamer, wurk- en sliepkeamer en in wenkoken.
Op de twadde ferdjipping binne û.o. fjouwer sliepkeamers en ien winteltrep nei de sliepkeamer ûnder de nok.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1666 - Jedtie fan Andringa, troud mei Johannes Rhala
  • 19e iuw- W.J. van Welderen baron Rengers
  • no Gjelt de Graaf

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: