André Roelof Scholten
André Roelof Scholten (Arnhim, 4 augustus 1910 – Skingen, 1 novimber 1944) wie in Frysk dichter en predikant.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scholten wie in soan fan de spoarwei-arbeider Koop Scholten (1872-1923) en Antje Gerbens (1870-1956); nei't syn heit wurk krige yn Fryslân hold er de rest fan syn libben yn dy provinsje ta, útsein syn stúdzjejierren. Yn 1923 gie er nei it Steds Gymnasium Ljouwert dêr't er yn 1929 foar it eineksamen slagge. Dêrnei studearre er teology oan de Universiteit Leien. Al yn 1929 skreau er in toanielstik, en yn dyselde tiid skreau er oer de lettere nammekundige en heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Jelle Hindriks Brouwer (1900-1981). Syn earste dichtbondel ferskynde yn 1931. Yn 1935 sette er wurk fan Samuel Taylor Coleridge oer yn it Frysk. Fan 1936 ôf oan publisearre er yn it Frysk, en yn it Frysk jierboek. Boppedat wie er belutsen by de Kristlike Fryske Mienskip. Fierdersoan sammele en publisearre er gedichten op muzyk, 'foar it húsgesin'.
Scholten wie (frijsinnich) Nederlânsk-Herfoarme predikant fan efterinoar Oldeholtwolde (1935), fan 1938 ôf Lippenhuzen en fan 1942 ôf Skingen; yn dat lêste plak ferstoar er yn 1944 nei in sykte yn de âldens fan 34 jier, nei't er yn augustus fan dat jier noch beroppen wie nei de gemeente Bears-Jelsum.
De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân beskriuwt him as in "lyrisch christelijk dichter en schrijver" en as mentor fan Anne Wadman. Hy is in broer fan de bibliotekaris Marten Koops Scholten (1904-1987) en in omke fan pedagooch Koop Scholten (1937).
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Menschengang. Symbolisch spel in 5 tafreelen. Ljouwert, 1929.
- Om groter droom. Verzen. Middelburg, 1931.
- Liturgy for de bitinking fen it 1ste lustrum fen de "Rijzende kerk" yn Fryslân July 1935 (to Aldtsjerk). [Hurdegaryp, 1935].
- Jiergong. Fersen. [Dokkum, 1936].
- De earste sneed in stikmannich wijingswirden en lieten. Utert, 1938.
- "Ut de mûle fen lytsen". Ps. 8:3a. Ferskes for de Sneinskoalle. Ljouwert, 1940 [Assen, 1942].
- Hwet wol de "Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach"?. [Ljouwert, om 1942].
- For de hjeldagen. Twadde bondel ferskes for de Sneinsskoalle en it húsgesin. Assen, 1947.
- Krystklanken. 25 bikende gesangen en lieten foar âld en jong yn fryske oersetting samle. Drachten, 1947.
Oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Samuel Taylor Coleridge, De ballade fen d'ald-matroas. Ljouwert, 1935.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|