Springe nei ynhâld

André Drege

Ut Wikipedy
André Drege
sporter
André Drege (2023)
André Drege (2023)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAndré Miguel Bertelsen Drege
nasjonaliteit  Noarsk
bertedatum4 maaie 1999
berteplakÅlesund
stjerdatum6 july 2024
stjerplakHeiligenblut
lingte1.84 m
gewicht75 kg
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
ûnderdielDykhurdfytsen
debút2021
karriêre-ein2024

André Miguel Bertelsen Drege (Ålesund, 4 maaie 1999 - Heiligenblut 6 july 2024) wie in Noarsk hurdfytser.

Yn augustus 2021 waard Drege sânde yn de Himmerland Rundt en njoggende yn de Skive-Løbet. In goed moanne letter waard er sânde yn de Gylne Gutuer.

Yn 2022 makke Drege de oerstap nei "Team Coop", dêr't er yn it neijier fan 2021 al staazje rûn hie. Yn maart wûn hy de Grutte Priis fan Rhodos, troch syn ploechgenoat Andreas Stokbro en Christian Koch foar te bliuwen yn de sprint.

Yn de fjirde etappe yn de Omgong fan Noarwegen fan dat jier ried Drege, tegearre mei fiif oaren, mear as twahûndert kilometer yn de oanfal, foardat werom pakt te wurden troch it peloton. Begjin septimber wûn er de Gylne Gutuer troch solo as earste oer de streek te kommen.

André Drege ferstoar op 6 july 2024, yn 'e âldens fan 25 jier, by fal yn it delkommen fan de Großglocknerpas yn de fjirde etappe fan de Omgong fan Eastenryk.[1] De lêste etappe fan de omgong fan Eastenryk waard skrast, yn plak derfan waard besletten om in etappe neutralisearre te riden.[2]

  • 2022 - Grutte Priis fan Rhodos
  • 2022 - Gylne Gutuer
  • 2023 - Memorial Fred De Bruyne
  • 2021-2024 - Team Coop
Boarnen, noaten en/as referinsjes: