Anama Ponce

Ut Wikipedy

Anama Ponce Vazquez (Huelva (Spanje), 1978) is in keunstneresse út it Spaanske Andalûsje. Anama Ponce studearre yn 2008 ôf oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam. Se is fassinearre troch it Spaanske ferline, benammen de tiid fan de conquistadores en it goud fan de Azteken.

Yn 2008 kocht it Keramykmuseum It Princessehof har wurk Jamon (Ham) oan. Andalûsyske tradysjes en symbolyk wurde yn Jamon fermogen ta wat nijs. Der binne ynfloeden merkber fan katolisisme, lokale ytkultuer en ek toeristyske klisjees. Yn har wurk terane Europeeske en Middenamerikaanske (Meksikaanske) ynfloeden.

Yn de simmer fan 2009 toant it Princessehof har wurk. Histoarysk wapenreau en -ark foarmje de boarne foar Killing Treasures, argayske objekten mei flymskerpe punten. Foar de presintaasje yn Ljouwert makke hja in 'skatkiste' fan eigensinnige foarwerpen dy't mei goudglazuer bedekt binne.De objekten symbolisearje de ferneatigjende krêften fan de minsk, mar tagelyk makket hat de keunstner de gek mei dizze eigenskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: