Springe nei ynhâld

Amerikaanske presidintsferkiezings (2008)

Ut Wikipedy
Amerikaanske presidintsferkiezings
<< 2004    •   4 novimber 2008   •   2012 >>
opkomst: 58,2%
wichtichste presidintskandidaten

Barack Obama
út Illinois
Demokratyske Partij

John McCain
út Arizona
Republikeinske Partij

fise-presidintskandidaten

Joe Biden

Sarah Palin

ferkiezingsútslach

365 kiesmannen
28 steaten + DC +
   NE-distr. 2
69.498.516 stimmen
52,9%

173 kiesmannen
22 steaten

59.948.323 stimmen
45,7%

útslach nei steat
Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen.

De 56ste presidintsfekiezing fan de Feriene Steaten sil op 4 novimber 2008 hâlden wurde. De 56ste presidintsferkiezing sil beskiede wa't George W. Bush opfolgje sil as 44ste presidint fan de Feriene Steaten. De kandidaat dy't 270 of mear kiesmannen fan de Electoral College hat, wint de presidintsferkiezing.

Gadingmakkers foar de ferkiezings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn jannewaris 2008 wie it wis dat de Demokraten twa kandidaten hienen om gading te meitsjen foar de presidintsferkiezing 2008, Barack Obama en Hillary Clinton.

De foarferkiezings fan 5 febrewaris 2008, dy't foar de Demokraten yn 21 steaten en de Amerikaansk Samoa hâlden wurde, wie in fuortsetting fan de race tusken Clinton en Obama. Obama wûn yn mear steaten, mar Clinton wûn yn de steaten dêr't mear minsken wenje wêrtroch se mear kiesmannen krige. Sadwaande joech de Super Tuesday by de Demokraten gjin dúdlike winner.(Sjoch ek Super-Ungewissheit nach Super Tuesday fan 6 febrewaris 2008. Dútsk)

Linkendewei wûn Obama yn mear steaten as Clinton. Clinton joech belies op 7 juny en sei Obama stipe ta yn 'e ferkiezing om it presidintskip.

Begjin 2007 wie Rudy Giuliani de favorite kandidaat foar de Republikeinen. Hy hie yn maart in foarsprong op McCain fan likernôch 20%. Mei Mitt Romney en Fred Thompson hie de Republikeinske partij yn 'e twadde helte fan 2007 fjouwer kandidaten om gading te meitsjen foar de presidintsferkiezing 2008. Op 13 maart docht bliken dat John McCain de favorite kandidaat is foar de Republikeinske Partij.[1]

Oare kandidaat-gadingmakkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare partijen dy't meidogge oan de presidintsferkiezing binne de Green Party, Constitution Party, Libertarian Party, Prohibition Party, Sozialistische Partei der USA en de Socialist Workers Party.

In kandidaat kin mei in partij of allinnich (independent) meidwaan oan de presidintferkiezings. Op 24 febrewaris 2008 makket Ralph Nader kundich dat er meidwaan sil oan de presidintsferkiezing fan 2008. Hy die al twaris earder mei, yn 2000 helle er 2,7% fan de stimmen, yn 2004 0,4%.

Gadingmakker Partij Tal stimmen Persint Electoral College Boarne
John McCain Republikeinske Partij 52,257,739 47% 162 Q
Barack Obama Demokratyske Partij 57,675,402 52% 349 Q


jannewaris oant july 2008
Gadingmakker Partij Jeften (USD) Utjeften (USD) Kontant jild (USD) Tekoart
John McCain Republikeinske Partij 401.327.135 335.489.325 65.837.810 915.894
Barack Obama Demokratyske Partij 171.092.491 149.675.028 21.417.463 2.003.357

Ferwizing nei boarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]