America (band)
America | ||
band | ||
America yn 1972 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Folk Rock | |
bestean | 1970 - No | |
label(s) | Warner Bros., Capitol, American Gramaphone, Oxygen, Burgundy, E1 Music, America Records | |
âld-leden | Dan Peek sang, gitaar, bas, toetsen & mûlharp (1970–1977) † | |
leden | ||
Sang, Gitaar, Toetsen, Bas & Mûlharp |
Gerry Beckley | |
Sang, Gitaar &, Perkusje |
Dewey Bunnell |
America is sûnt 1970 in Amerikaanske folkrockband, dy't oarspronklik bestie út Dan Peek, Gerry Beckley en Dewey Bunnell. Ta harren bekendste hits hearre A Horse With No Name en The Last Unicorn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De band waard yn 1970 oprjochte yn Ingelân, dêr't de leden, soannen fan Amerikaanske legerofsieren, doetiidds wennen. Sy hiene kunde oan elkoar krigen yn 1967 op de Central High-School yn London. It debútalbum sûnder titel út 1972 wie yn de Ferienige Steaten fuortendaliks in grut súkses. De singles I need you, A Horse with No Name en Sandman waarden ynternasjale hits. Dêrnei ferhuzen de leden werom nei Amearika, dêr't se harren twadde album, Homecoming opnamen, mei dêrop de hit Ventura Highway. America wûn yn 1973 in Grammy Award yn de kategory Bêste Nije Artyst. Homecoming hie in protte súkses yn de FSA, mar die it yn Ingelân wat minder goed.
It tredde album Hat Trick foldie net oan de ferwachtingen, mar it album Hearts (1975) brocht de band syn twaadde nûmer 1 hit yn Amearika, Sister Golden Hair. It album Hideaway út 1976 hie lykwols net folle súkses.
Yn 1977 ferliet Peek de band om him te rjochtsjen op in solokarriêre yn de gospelmuzyk, dat wie nei't er syn alkohol- en drugsferslaving oerwûn hie. Beckley en Bunnell giene as duo fierder en hiene se yn 1983 noch in skoft kommersjeel súkses mei de hit You Can Do Magic. Ek spilen hja dat jiers op de soundtrack fan de tekenfilm The Last Unicorn.
Yn 2011 stoar Peek oan de gefolgen fan perikarditis, in ûntstekking fan it hertsekje. Hy waard 60 jier.
Yn 2012 krige America in stjer op de Hollywood Walk of Fame.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
America | 29 desimber 1971 | Warner Bros. | A Horse with No Name, I Need You |
Homecoming | 15 novimber 1972 | Ventura Highway, Don't Cross the River, Only in Your Heart | |
Hat Trick | 19 oktober 1973 | Muskrat Love (Willis Alan Ramsey cover), Rainbow Song, Green Monkey | |
Holiday | 26 juny 1974 | Tin Man, Lonely People | |
Hearts | 19 maart 1975 | Sister Golden Hair, Daisy Jane, Woman Tonight | |
Hideaway | 9 april 1976 | Today's the Day, Amber Cascades, She's a Liar | |
Harbor | 15 febrewaris 1977 | God of the Sun, Don't Cry Baby, Slow Down | |
Silent Letter | 15 juny 1979 | Capitol | Only Game in Town, All My Life, All Around |
Alibi | 15 augustus 1980 | You Could Have Been the One, Hangover, Survival | |
View from the Ground | 15 july 1982 | You Can Do Magic, Right Before Your Eyes, Jody | |
Your Move | 3 juny 1983 | The Border, Cast the Spirit | |
Perspective | 21 septimber 1984 | Special Girl, Can't Fall Asleep to a Lullaby (mei Steve Perry), 5th Avenue | |
Hourglass | 17 maaie 1994 | American Gramaphone | Young Moon, Hope, Greenhouse |
Human Nature | septimber 1998 | Oxygen | From a Moving Train, Wednesday Morning, Moment to Moment |
Here & Now | 16 jannewaris 2007 | Burgundy | Chasing the Rainbow, Ride On |
Back Pages | 26 july 2011 | E1 Music | |
Lost & Found | 5 maaie 2015 | America Records | Driving |
Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Live | oktober 1977 | Warner Bros. |
Live in Central Park | 1981 | Pioneer |
In Concert | july 1985 | Capitol |
Horse with No Name | 1995 | MasterTone |
In Concert (King Biscuit) | july 1995 | Capitol |
The Grand Cayman Concert | novimber 2002 | útbrocht yn eigen behear |
Live in Concert: Wildwood Springs | 28 desimber 2008 | America Records |
Sigma Sound Studio 1972 | 11 septimber 2015 | All Access |
Universal Amphitheatre L.A. 1978 | 11 maart 2016 | Zip City |
Live Whisky A-Go-Go 1972 | 11 maaie 2018 | Rox Vox |
Live in Central Park 1979 | 9 augustus 2019 | America Records |
Soundtrack-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film | Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|---|
The Last Unicorn | The Last Unicorn | 19 novimber 1982 | Virgin | The Last Unicorn |
The Lonely Guy | The Lonely Guy Soundtrack | 27 jannewaris 1984 | Universal |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
History: America's Greatest Hits | novimber 1975 |
America's Gold | 1981 |
Encore: More Greatest Hits | 24 juny 1991 |
Ventura Highway & Other Favorites | 21 maart 1992 |
Premium Gold Collection | 1 april 1996 |
The Legendary America | 1998 |
Highway: 30 Years Of America | july 2000 |
The Definitive America | 17 july 2001 |
The Complete Greatest Hits | augustus 2001 |
A Horse With No Name & Other Hits | 14 septimber 2004 |
The Definitive Pop Collection | 12 septimber 2006 |
Only the Best of America | 30 septimber 2008 |
Collectables Classics | 29 maart 2010 |
Hits – 40th Anniversary Edition | 21 maart 2011 |
Original Album Series | 27 augustus 2013 |
Playlist: The Very Best of America | 15 juny 2015 |
The Warner Bros. Years 1971-1977 | 17 july 2015 |
Archives, Vol 1 | 24 novimber 2015 |
An Introduction To : America | 12 maaie 2017 |
Heritage: Home Recordings/Demos 1970-1973 |
17 novimber 2017 |
The Archives: America | 13 july 2018 |
The Capitol Years | 17 maaie 2019 |
50th Anniversary: The Collection | 12 july 2019 |
50th Anniversary: Golden Hits | |
Heritage II: Demos/Alternate Takes 1971-1976 |
19 april 2020 |
America 50: Half Century Box Set | 11 septimber 2020 |
Alternates & Rarities | 23 april 2022 |