Springe nei ynhâld

Allaert fan Everdingen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Allart van Everdingen)
Alaert fan Everdingen
Ut Houbraken's Groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (Amsterdam, 1719)

Allaert fan Everdingen, ek Aldert Pieters fan Everdingen neamd (doopt Alkmar, 18 juny 1617 - beïerdige Amsterdam, 8 novimber 1675), wie in Nederlânsk keunstskilder, bekend fan syn lânskippen, en grafikus (etser). Hy wie de broer fan de skilder Caesar Boetius fan Everdingen.

Fan Everdingen wie learling fan Roelant Savery yn Utert. Hy reizge yn 1640 nei Sweden en gong doe't er werom wie yn 1645 yn de lear by Pieter de Molijn yn Haarlim, dêr't er him ek nei wenjen sette. Yn 1657 ferhuze er nei Amsterdam.

Krektas Jacob fan Ruisdael wie Fan Everdingen bekend as skilder fan wetterfallen en behindige boskgesichten.

Yn Kopenhagen hingje fiif wetterfallen fan Fan Everdingen. Ien is datearre 1647, in oare 1649. In de Hermitaazje yn Sint Petersburch is in skilderij út 1647 en yn de Alte Pinakothek yn München ien út 1656.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: