Springe nei ynhâld

Alida Pott

Ut Wikipedy
Alida Pott
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alida Jantina Pott
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 jannewaris 1888
berteplak Grins
stoarn 23 desimber 1931
stjerplak Grins
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
offisjele webside
RKD-profyl
Meisje met rood haar en groene strik

Alida Jantina Pott (Grins, 8 jannewaris 1888 - dêre, 23 desimber 1931) wie in byldzjend keunstner en lid fan de Grinzer Keunstrûnte De Ploeg.

Alida Pott waard yn 1888 yn Grins berne. Se studearre oan de Akademy Minerva yn Grins en dêrnei oan de Haachske Tekenakademy. Yn 1912 studearre se ôf as tekenlearares en gie werom nei har bertestêd. Yn 1914 waard se tekenlearares oan de Kweekskoalle foar ûnderwizeressen. Se bleau oant 1930 oan dy skoalle ferbûn. Yn 1922 boaske se oan George Martens. Se stoar yn 1931 oan in longsykte yn de âldens fan 43 jier.

Alida Pott hearde ta de earste Ploegleden. Foar de priisfraach om ‘in ienfâldich tekenjend symboal’ te ûntwerpen foar de nije feriening, kaam se mei it winnende ûntwerp. Fan 1919 ôf foarmet in stilearre P it byldmerk fan ‘De Ploeg’. Se hie ferskate bestjoersfunksjes en se wie fan 1919 oant 1921 sekretaris. Oant 1922 behearde hja mei har wurk ta de fêste fertsjintwurdigers op de Ploegtentoanstellingen yn de sealen fan Pictura of by Keunsthannel Ongering. De eksposysje fan neijier 1925 wie de lêste dêr't se oan meidie.

Typearring fan it wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alida Pott wurke yn ferskate stilen stilen ‘fariearjend fan sekuer útwurke en tradisjoneel realisme oant in flak-dekorative styl, dêr't de trochwurking fan ferskate streamingen fan de avant-garde yn te sjen wie. Pott libbe yn ûnderskate wrâlden. Se wie sa Grinlânsks as Blauwborgje[1], mar se ferwurke ek Japanske keunst en liet de moderne tendinzen yn har wurk ta, noch foar't de oare Ploegers it ekspresjonisme of it konstruktivisme ûntdutsen hienen’ (Timmer, 2004, 52). Se hie hast alle techniken yn 'e macht, mar har akwarellen litte it meast útsprutsen ‘Pott-hânskrift’ sjen.

In bysûnder part fan har wurk binne de kollaazjes. Timmer (2004, 60-62) beskôget dy as ‘in posysje innimme oangeande de ekspresjonistyske wyn dy't troch ‘De Ploeg' waaide'. Nei alle gedachten wie se ynspirearre troch de dadaïstyske kollaazjes fan Kurt Schwitters.

Lykas in protte Ploegskilders wie Pott ek warber op it mêd fan foarmjouwing en ambachtskeunst. Se beskildere houten spjelden mei konstruktivistyske motiven en tekene dessins foar muorre- en tafelkleden.

Binnen ‘De Ploeg’ naam Alida Pott in apart plak yn. Har wurk kin net samar ûnderbrocht wurde by it typyske Ploeg-ekspresjonisme of konstruktivisme. Wol wie der in útwikseling fan ideeën mei har man Georg Martens, mar der kin net sein wurde dat der in sterke artistike besibbenens wie. Dêrfoar wiene harren karakters te ferskillend. Mei Jan Gerrit Jordens (Alida Pott wie befreone mei syn oarehelte Jet Jordens-Luchsinger) dielde se de fassinaasje foar beammen. Beide wiene ynteressearre yn de lineêre struktuer fan stam en takken (Timmer, 2004, 64).

Nei har fersjerren waard it wurk fan Alida Pott bewarre troch Georg Martens. Yn de desennia dêrnei wie komselden yn it iepenbier te sjen. Earst yn 1981 wie der in grutte oersjochtentoanstelling yn de Fraeylemaboarch yn Slochteren.

It Grinzer Museum hat trije fan har wurken yn de kolleksje: Meisje met rood lang haar en groene strik, Boomgaard Blauwborgje en it yn 'e mande mei har man makke ûntwerp foar in Jurievrij tentoonstelling fan de Ploeg.[2]

  • Doeke Sijens, Aangeraakt door een nieuw licht. Alida Pott en De Ploeg. Grins, 2018.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Annemarie Timmer, Als het nagloeien van een intens gevoel – De kunst van Alida Pott, yn: Alma Burema, Dick Siersema en Han Steenbruggen (red.), Ekke A. Kleima, George G. Martens, Henk Melgers, Alida J. Pott, Jannes de Vries – ‘bezield met meer of minder moderne geest’, Grinzer Museum, De Ploeg 7, Grins, 2003, 160-195
  • Carolien ten Bruggencate en Karen Buschman, De Ploeg 75. Een kroniek van de Groninger Kunstkring, Profiel Bedum, Grins, 1993
  • C. Hofsteenge, De Ploeg 1918-1941. De hoogtijdagen, Benjamin en Partners, Grins, 1993
  • Cees Hofsteenge, Thijs Martens, Casper Wechgelaer, ûnder redaksje fan Prof. Dr. H.J.W. Drijvers, George Martens en Alida Pott. Leven en werken, Benjamin & Partners, Grins, 1993
  • Ad Petersen, De Ploeg. Gegevens omtrent de Groningse schilderkunst in de jaren ’20, BZZTôH, De Haach, 1982
  • Adriaan Venema, De Ploeg 1918-1930, Het Wereldvenster, Baarn, 1978
  • Rykstsjinst foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje: Alida Jantina Pott
Noaten
  1. In pleats oan it Reitdiep, in eintsje noarlik fan de stêd Grins, dêr't de Ploegleden gearkamen en skilderden
  2. Grinzer Museum: Alida Pott; Groningen 1888 – Groningen 1931; Ploeglid vanaf 1918