Alfred Cheney Johnston

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Alfred Cheney Johnston

Alfred Cheney Johnston (New York, 8 april 1885Oxford (Konnektikut), 17 april 1971) wie in Amerikaansk glamourfotograaf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Johnston waard berne yn in bankiersfamylje en studearre portretskilderkeunst oan de National Academy of Design yn New York. Nei syn ôfstudearjen yn 1908 besocht er as portretskilder syn brea te fertsjinjen, mar dat slagge net bot. Yn 1909 boaske er oan Doris Gernon dy't er op de Akademy al kunde oan hie. Rillegau lei er him ta op de fotografy, dêr't yn syn studintetiid al kennis mei makke hie. Ynearsten wie er oriïntearre op keunstsinnige fotografy oant Florenze Ziegfeld him yn 1917 oannaam as offisjele fotograaf fan de Ziegfeld Follies-revue. Dêr begûn syn karriêre as glamourfotograaf. By it portrettearjen fan de revuedûnseressen, de Ziegfeld-girls, toande er him betûft yn it suggerearjen fan neakenens, fral troch it brûken fan drapaazje-techniken. Letter kamen ek in soad folsleine neakens oan it ljocht dy't yndertiid net publisearre wurde koene.

Behalven de Ziegfeld-girls fotografearre Johnston yn de jierren tweintich sa'n bytsje alle stjerren fan it wite doek: de Dolly Sisters, Gloria Swanson, Mae Marsh, de Fairbank Twins, en Lillian en Dorothy Gish. Syn foto’s beynfloeden it Hollywoodimago fan dat desennium[1]. Met het einde van de stomme film begon ook Johnstons roem als fotograaf te tanen. Der kamen nije fotografen mei oare ideeën oer glamourfotografy.

Nei de dea fan Flo Ziegfeld yn 1932 hold Johnston noch twa fotostudio's yn it wurk, mar dy wiene net sa súksesfol. Yn 1937 ferskynde syn portretboek Enchanting Beauty (New York, NY: Swan Publications Inc., 1937). Dêrnei luts er him yn 1940 werom op syn bûtenpleats yn Konnektikut en rjochte er him benammen op neakenfotografy. Yn 1960 skonk er 250 fan syn printen oan de ‘Library of Congress’ yn Washington DC. Hy stoar yn 1971 oan de gefolgen fan in auto-ûngemak, syn frou wie doe al trije jier wei.

Sûnt ein tweintichste iuw is der fan artistike kant fannijs omtinken foar syn wurk. Portretten fan Johnston binn no fertsjintwurdige yn de ‘L. Frits Gruber Kolleksje’ fan het Museum Ludwig yn Keulen. Utjouwerij Taschen wijde in haadstik oan Johnston yn it oersichtswurk oer fotografyske keunst: ‘Fotografy fan de 20e iuw’.

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cf. Fotografie van de 20e eeuw, 1997, s. 298