Springe nei ynhâld

Alexandra Timmer

Ut Wikipedy

Alexandra Helena Timmer (Kerkrade, 27 maaie 1952) is in byldzjend keunstner út Amsterdam. Nei har ôfstudearjen oan de Hegeskoalle fan Amsterdam yn 1995 (Tekenjen en Skilderjen) hat se har talein op portret: yn akryl, oaljeferve, bister en pastel. Hja skilderet nei de waarnimming, mar ek wol middels foto's. Kop- en skouderportretten, mar ek figuerstúdzjes en neakenportretten. Se makke yn opdracht ek ferskate postume portretten.

Sûnt 2000 makket Alexandra geregeld eroatyske tekeningen. Wosken pinnetekeningen mei figurative foarstellings. Hja brûkt graach bistre en akwarel, faak kombinearre mei oaljepastel. Ek de struktuer fan tekst ynspirearret har.

Dêrneist makket se sûnt 2006 ek byldferhalen: in tekening by in tekst fan Rozé van Leemput. Underwerp is it deistige libben fan Kick en Ickx of de cartoons fan "Ald en Fersliten" (begûn nei jannewaris 2009).

De útdaging foar har yn 2009 is it gearbringen fan it sekuere portretskilderjen by it frije tekenjen. Yn de werklikheid en yn de fantasij bliuwe minsken lykwols har ynspiraasjeboarne.

Eksposysjes fan har wienen ûnder oare yn Amsterdam en De Hoarn op Tessel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: