Springe nei ynhâld

Alexander Burger

Ut Wikipedy
Alexander Burger
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexander Corné Burger
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1999
berteplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Sjoernalist,
Filmmakker
jierren aktyf 2022-
offisjele webside
webstee fan Alexander Burger

Alexander Corné Burger (It Hearrenfean, 1999) is in Frysk filmmakker, sjoernalist en dogger fan voice-overs.

Yn 2020 studearre hy ôf oan D'Drive Film & Media yn Ljouwert, mei syn koarte film Troebel Water. Under syn stúdzje rûn er staazje by it doetiidske Omroep LEO, dêr 't er ferslachjouwer en voice-overwurk die foar nijsreportaazjes. Yn 2018/2019 spruts er ferskate websearjes yn foar Netherlandssoccer.

Yn 2022/2023 hat er wurksum west as ûndersykssjoernalist by RTV NOF.[1] Hy publisearre oer de tapassing fan stielslakken en it brûken en belang fan de AED. Op 5 jannewaris 2023 wie hy ien fan de presintatoaren fan it radioprogramma Sis it mar! by Omrop Fryslân.[2]

Voice-over (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • (2018-2019) YouTube kanaal Netherlandssoccer
  • (2020) De komst van de F-35, koarte dokumintêre
  • (2021) Huizum op film, fertoand by it Noardelijk Film Festival

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: