Alex Pama

Ut Wikipedy

Alex Pama (Bethesda (Marylân), 23 novimber 1972), is in Amerikaansk fuotbalbestjoerder.

Hy hat mei syn frou Karen twa bern. Ferhuze op 4-jierrige leeftiid út de Feriene Steaten, mar wie 13 doe't syn famylje echt nei de Rijnstraat yn Den Helder ferhuze. Yn de tuskentiid hat er op in soad lokaasjes wenne, ûnder mear twa jier op Arûba. Dit fanwegen it wurk fan syn heit dy't marineofsier wie. [1]Spile by fuotbalferiening HCSC. Op 23-jierrige leeftiid ferhuze er nei Idaho om fan syn fuotbalhobby syn berop te meitsjen en waard letter bûnscoach fan Arkansas. Letter bedarre er yn Atlanta dêr't er seis jier lang in fuotbalskoalle hie. Wurke ek foar in tal bedriuwen op it mêd fan marketing en ferkeap.

Doe't de bern opgroeiden ferhuze de famylje nei Nederlân, dêr't er frege waard foar de funksje fan algemien direkteur by SC Cambuur. Under syn lieding wurke Cambuur him op ta in top 5-club yn de Jupiler League. Yn 2009 promovearre de club hast nei de earedifyzje. Roda JC blykte sterker nei it nimmen fan strafskoppen. Yn jannewaris 2011 naam er ûntslach nei in spul mei nije jildsjitter Ype Smid. [2]It mislearjen fan in nij stadion en de minne finansjele situaasje by de klup wienen dêr ek mei debet oan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hoe is het met…Alex Pama?, Ronald Boutkan, 28 juny 2008
  2. Alex Pama per direct weg bij Cambuur, 11 jannewaris 2011